Hamlet
Hamlet, Prins fan Denemarken, yn it oarspronklike Ingelsk: Hamlet, Prince of Denmark, is in trageedzje fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare, dy’t er earne yn 'e perioade 1600-1602 skreaun hawwe moat. It stik waard foar it earst publisearre yn 1604. It ferhellet fan 'e foarfallen oan it Deenske hof as prins Hamlet thúskomt nei lang om utens west te hawwen en ûntdekt dat syn heit, de eardere kening, fermoarde is troch syn omke, dy't no op 'e troan sit. Hamlet, sa't de titel fan it stik yn 'e regel ôfkoarte wurdt, is nei gedachten it bekendste toanielstik fan Shakespeare, dat noch altiten rûnom opfierd wurdt. It hat withoefolle steande útdrukkings yn 'e Ingelske taal yntrodusearre, lykas the undiscovered country ("it ûnûndutsen lân"; de dea), conscience doth make cowards of us all ("ús gewisse makket ús allegear ta lêferts"), en de gauris oanhelle wurden to be or not to be, that’s the question ("bestean of net bestean, dat is de fraach"; út akte III, sêne 2). De earste Fryske oersetting waard yn 1925 makke troch Teatse Eeltsje Holtrop.
Hamlet | ||
De foarside fan 'e Fryske oersetting fan Teatse Holtrop, yn in bewurking fan Johannes Spyksma út 2014. | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Hamlet | |
auteur | William Shakespeare | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | ±1600-02 | |
1e publikaasje | 1604, Londen | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Hamlet, Prins fen Denemarken | |
publikaasje | 1925, Dokkum | |
útjouwer | D.J. Kamminga | |
oersetter | Teatse Eeltsje Holtrop |
Eftergrûn
bewurkje seksjeHamlet is mei 3929 rigels it langste toanielstik fan Shakespeare. It is ûndúdlik wannear't er it skreaun hat, nammenste mear om't der in eardere ferzje fan bestien liket te hawwen, it saneamde Oer-Hamlet, dy't foar it earst yn 1589 neamd waard. Shakespeare syn ferzje kaam pas yn 1604 út. Der wurdt wol spekulearre dat Oer-Hamlet in iere foarm fan it Shakespeariaanske Hamlet wêze kinne soe. Hoe dan ek, Hamlet wurdt rekkene ta de wraaktrageedzjes, mar ien fan de meast opfallende saken yn it stik is krekt dat Hamlet mar min ta wraak en oare foarmen fan aksje komme kin. Yn syn sielestriid freget er him dan ek ôf oft er no better libje (to be) as stjerre (not to be) kin. Hoewol’t wraak (of it ûnfermogen dêrta) in wichtich tema is, binne der noch oare belangrike motiven, lykas famyljerelaasjes, relaasjes tusken minners en freonen, spûksels, dwylsin (de sabeare sljochtsinnigens fan Hamlet en de wiere gekte fan Ophelia) en moard en selsmoard.
Shakespeare hie in jonkje, Hamnet, dat net âlder as alve jier wurden is. Der wurdt oannommen dat dat foar him de grûn wie om it ferhaal fan Amleth te bewurkjen. Dat ferhaal wie al mear ferteld yn Ingelân, mar giet werom op 'e skiednis fan Denemark troch Sakso Grammatikus (om 1150 - nei 1208), dy't mooglik op 'e Britske Eilannen brocht wie troch de Wytsingen.
Grammatikus fertelt fan Amleth, de soan fan Horwendil fan Jutlân en Geruta fan Denemark. Ek by Grammatikus spilet Amleth foar gek om him op syn omke, Fengon, wreke te kinnen, dy't syn eigen broer Horwendil fermoarde hat en mei Geruta troud is. Nei't er in freon fan Fengon deastutsen hat, dy't him efter in muorretapyt ferskûle, besiket Fengon him kwyt te reitsjen troch him nei Ingelân te stjoeren om dêr fermoarde te wurden. Amleth komt lykwols werom, en stekt syn omke dea mei dy syn eigen swurd. Alle oaren stjerre as er de boarch platbaarnt.
Yn 'e ferzje fan Grammatikus is de Ingelske perioade fierder útwurke, en Amleth giet ek wer werom nei Ingelân dêr't er noch in twadde tsjinstanner fynt. It ferhaal fan Shakespeare is dúdlik koarter, mar noch altiten aardich oan 'e lingte. Der moat oannommen wurde dat Shakespeare dat ek wist, mar it net feroarje koe of woe. Om't der net in soad bekend is oer wat Shakespeare die yn 'e tiid dat er Hamlet skreau, is wol útsteld dat er doedestiden wier it Deenske hof besocht hat en dat yn it ferhaal in wiere Deenske trageedzje ferhoalen sit. Der binne lykwols net in protte bewizen foar.
It Deenske hof wie yn Shakespeare syn tiid fêstige op 'e doe noch nije Kroanboarch yn Helsingor. De Kroanboarch bestiet noch altyd en elts jier wurdt der in rige opfierings fan Hamlet holden.
Ynhâld
bewurkje seksjeIt toanielstik spilet yn Elsinore, Denemark. Prins Hamlet is de soan fan kening Hamlet, dy’t twa moanne ferlyn stoarn is. Claudius, de broer fan de kening, hat de troan fan Denemark bestige en hy is al rillegau nei de begraffenis troud mei syn skoansuster, de widdo Gertrude. De jonge Hamlet kin mar net begripe hoe't syn mem sa fluch wertrouwe kin en hy fermoedet dat syn omke syn heit deadien hat om sels kening wurde te kinnen.
Op in nacht ferskynt de geast fan 'e heit oan Hamlet en fertelt him dat hy yndie fermoarde is troch Claudius. Dy hat nammentlik gif yn syn ear getten doe’t er lei te sliepen. De geast ropt Hamlet op om wraak te nimmen op syn moardner, mar syn mem, Gertrude, moat er gewurde litte, want dy is ûnskuldich.
De prins rint yn syn swarte rouklean troch it kastiel om en sint op wraak. Mar tagelyk wifket er: kin er de tsjûgenis fan in spûk wol fertrouwe? Hy beslút om krekt te dwaan as oft er gek is. Claudius, Gertrude en harren riedsman Polonius mistrouwe de boel lykwols en litte Rosencrantz and Guildenstern, twa stúdzjefreonen fan Hamlet, oerkomme om him te bespionearjen. Hamlet trapet der net yn en giet troch mei him foar te dwaan as in sljochtsinnige, sawol foar harren oer as foar Ophelia oer, de dochter fan Polonius, op wa't er fereale wie.
Dan komt der in selskip fan omreizgjende toanielspilers oan by it Deenske hof. Hamlet freget harren om 'e dea fan syn heit nei te spyljen. Hy hopet oan 'e réaksje fan Claudius op it toanielstik sjen te kinnen oft de geast de wierheid sprutsen hat. Claudius rint lulk fuort en no is Hamlet wis fan syn saak. Keninginne Gertrude wol nei de foarstelling op har sliepkeamer mei Hamlet yn petear, wylst Polonius dêr efter in muorretapyt ferskûle sit om harren yn 'e rekken te hâlden. Hamlet ferwyt syn mem dat se sa hastich mei Claudius troud is. Dan heart er in lûd en hy tinkt dat it syn omke is. Hy stekt mei syn swurd dwers troch it tapyt hinne en deadet sa by fersin Polonius.
Claudius stjoert Hamlet nei Ingelân mei as doel om him dêr fermoardzje te litten. De 'freonen' fan Hamlet, Rosencrantz en Guildenstern, beselskipje de prins. Sy hawwe in brief foar de kening fan Ingelân fan Claudius meikrigen, dêr't syn fersyk om Hamlet út 'e ljochten te helpen yn stiet. Hamlet fynt lykwols it brief en hy feroaret syn eigen namme yn 'e nammen fan Rosencrantz en Guildenstern. Sawaande mislearret it plan fan Claudius en Hamlet komt werom nei Denemark, sûnder syn beide 'freonen', dy't it útstapke net oerlibbe hawwe.
Yn 'e tuskentiid is Laertes, de soan fan Polonius, út Frankryk wei kaam en ek nei Denemark reizge om 'e dea fan syn heit te wreken. Ophelia, syn suster, is gek wurden fan fertriet fanwegen de moard op har heit troch har frijer Hamlet. Se falt yn it wetter en ferdrinkt. Of hat se faaks harsels tekoart dien? Laertes en Hamlet komme inoar tsjin op Ophelia har begraffenis.
Claudius en Laertes beslute om Hamlet te deadzjen. Se organisearje op it kastiel in 'freonskiplik' duël mei it rapier. Laertes hat lykwols in degen dêr’t gif op smard is. Boppedat docht Claudius gif yn 'e oerwinningsbeker, foar it gefal dat Hamlet winne soe. De snoade plannen rinne lykwols hielendal mis: Gertrude drinkt de beker leech en Hamlet, Laertes en Claudius wurde mei de degen fergiftige. As Hamlet as lêste stoarn is, komt Fortinbras, de prins fan Noarwegen op it kastiel oan. De lêste oerlibjende, Hamlet syn freon Horatio, begjint him te fertellen wat der bard is, dat Hamlet net fergetten wurde sil.
Neifolgers
bewurkje seksjeFerskate lettere skriuwers hawwe Shakespeare syn Hamlet wer fierder bewurke. In foarbyld is Tom Stoppard syn de komeedzje Rosencrantz and Guildenstern Are Dead, dêr't dy twa figueren út Hamlet de haadrol yn hawwe wylst de prins fan Denemark mar in byrol ferfollet.
Fryske oersetting
bewurkje seksjeDe earste Fryske oersetting fan Hamlet wie fan 'e hân fan Teatse Eeltsje Holtrop, en ferskynde yn 1925 ûnder de titel Hamlet, Prins fen Denemarken, sawol yn it literêre tydskrift Sljucht en Rjucht as by útjouwerij D.J. Kamminga te Dokkum. Letter makke de Fryske oersetting fan Hamlet fan Douwe Kalma diel út fan Shakespeare's Wurk Dl. VI, ien fan 'e omnibusútjeften fan 'e Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, dy't yn 1966 ferskynde. Yn 1996 makke Bouke Oldenhof foar Tryater in nije oersetting ûnder de titel De Trageedzje fan Hamlet, Prins fan Denemarken. Noch wer in oare fertaling is dy fan 'e hân fan Tryntsje van der Zee, dy't yn 2004 yn in bewurking troch Bernadette Lieffering útbrocht waard troch de Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel (St.U.F.T.). Yn 2014 ferskynde fierders Hamlet, Prins fan Denemarken, in nije bewurking fan Holtrop syn oersetting út 1925, mei stipe fan 'e S.E. Wendelaar Bonga Stifting yn eigen behear útjûn troch de bewurker, Johannes Spyksma fan Sumar. Fan Spyksma syn bewurking waard ek in harkspul opnommen, dat op in cd by syn boekje yn levere waard.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- HyperHamlet - research project at the University of Basel (English)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |