Bouke Oldenhof
Bouke Oldenhof (Steenwijkerwold, 1957) is in dramaturch, teäterprodusint, toanielskriuwer, oersetter en resinsint. Hy groeide op yn in roomske húshâlding. Nei it ateneum studearre er Nederlânsk en Frysk en die er in oplieding teäterwittenskippen yn Amsterdam. Dêrnei waard er learaar Nederlânsk en Frysk oan 'e Pedagogyske Akademy te Drachten. Ek wurke er oan 'e Iepen Skoalle op it Hearrenfean, en foar de Stifting Learplanûntwikkeling (SLO) yn Ynskedee.
Oldenhof is in echte tûzenpoat. Hy hat fan alles tagelyk en nei-inoar by it ein. Hy wie koördinator literatuerbefoardering by it FLMD. Dêr seach er ek it talint fan Tsjêbbe Hettinga. Sûnt 1991 jout er ek les yn dramaturgy en fersoarget er kursussen Frysk skriuwen. Sûnt 1987 wennet Oldenhof yn kafee De Rolbrêge, yn De Tynje. Al jierren is er ek wurksum as teäterresinsint foar de Ljouwerter Krante. Bekend binne fierders syn toaniel- en teäteraktiviteiten, lykas Tijgerleliën en De Rolbrêge. Lanlike bekendheid krige er troch it Us Abe-spektakel yn it Abe Lenstra Stadion op it Hearrenfean. Dêrnjonken is er ek aktyf as oersetter fan toanielstikken.
Wurk (karút)
bewurkje seksje- 1996 - De Trageedzje fan Hamlet, Prins fan Denemarken (oersetting fan Hamlet, fan William Shakespeare)
- 1997 - Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer (mei Klaes Dykstra)
- 2007 - Lette Ropping (toanielstik)
- 2014 - Fan letter soarch (toanielstikken)
- 2024 - Monuminteman (roman), Bornmeer
Prizen
bewurkje seksje- Yn maaie 2008 krige Oldenhof de Fedde en Martha Bergsmapriis foar oarspronklike Fryske toaniel. Hy krige it foar Lette Ropping, in stik dat Tryater yn 2007 spile hat ûnder rezjy fan Annie van Hoof.