Fedde en Martha Bergsmapriis
De Fedde en Martha Bergsmapriis is in toanielpriis foar oarspronklike Fryske toanielstikken. De priis wurdt ien kear yn 'e fiif jier útrikt. Dêroan is in bedrach fan 1000 euro ferbûn.
De priis is yn 1994 ynsteld troch Ari van Tienhoven dy’t yn ’e oarloch by de famylje Bergsma ûnderdûkt west hat. Om’t de Bergsma’s in soad dien hawwe foar de stimulearring fan it Fryske toaniel waard de priis ornearre foar de Fryske toanielskriuwerij.
Yn oanmerking komme allinich oarspronklik Frysktalige toanielstikken dy’t yn 'e ôfrûne fiif jier skreaun binne. Of it stik al of net opfierd of publisearre is, is net fan belang.
Winners
bewurkje seksje- 2021: Freark Smink - Wat Soesto
- 2017: Bouke Oldenhof - Feteranen
- 2013: Rients Gratama - Eintsje libben
- 2008: Bouke Oldenhof - Lette Ropping
- 2003: Romke Toering - Baarderlân
- 2000: Antine Zijlstra - 16!
- 1997: Baukje Miedema - In Beslút
- 1994: Tsjitske de Boer - Prins Moreo