Tryater
Tryater is in Frysk teäterselskip dat yn 1965 oprjochte is. It selskip spilet in grut ferskaat stikken foar in breed publyk: foar jongerein en famyljefoarstellings. Tryater siket mei syn Fryske stikken safolle mooglik de maatskiplike en aktuele ûntwikkelings yn Fryslân ( 'Geweld...Nee', de 'Ierlân-trilogy' of 'De dea fan in hannelsreizger' ). Sûnt 2001 hat Tryater in eigen gebou.
SkiednisBewurkje
It Frysk Nasjonael Boun socht yn 1963 in manier om de Nijjierssit oantrekliker te meitsjen. Anne Wadman hie dêrta in stik fan Sartre oersetten. 'In slet fan tsien dollar' waard ûnder profesjonele regy fan Pyt van der Zee útfierd en troch in tal bettere amateurspilers op de planken brocht. Op deselde basis waarden letter noch in pear stikken spile en yn 1965 waard de "Fryske Toanielstifting" oprjochte. Yn 1969 waard de Stifting "Tryater" doopt. Fjouwer topspilers út de semi-profesjonele toanielrûnten krigen in fêst kontrakt. Earst yn 1985 krige it selskip rykserkenning. Hjoeddedei is Tryater it âldste profesjonele tonielselskip fan Nederlân. It hat ûnder mear ferneamde stikken as Kening Lear, fan Shakespeare, op 'e planken brocht.
LokaasjesBewurkje
Tryater spilet op mear as 60 ferskillende plakken; yn teatersealen, doarpshuzen, gymsealen, op skoallen en op lokaasje. Sa spile Tryater op it Starteilân by Snits. Foar jeugd, jongerein en folwoeksenen. It spilet in hieltyd grutter tal foarstellingen, fan 276 yn 1996 oant 1165 yn 2002 foar sa'n 40- oant 50.000 minsken.
Tryater spilet bytiden yn Grinslân en Drinte, in inkele kear sels yn it bûtenlân. Sa waard 'Geweld...Nee', spile yn Oksitaanje (Frankryk) en Wales (Grut Brittanje). Yn 2006 waard in lytse toernee dien fan 'Rolling Home' foar de Friezen yn Ontario (Kanada).
Stikken & projektenBewurkje
SpektakelstikkenBewurkje
- Abe!
- Peer Gynt
- Orfeo Aqua (ko-produksje)
- Kening Lear
- Pak ‘m Stanzi
- De Heeren van het Veen (ko-produksje)
- 11Stêdetocht
Underwiis-TeaterprojektenBewurkje
- Geweld...nee!
- Walther P5
- Rude
- Clash!
BerneteaterBewurkje
- It Eksperimint fan de Hear Borgers
- Lastig portret
- Fan Rein de Foks
- Dach Mûnster
- It Húske dat Ferhuze
- Het Huisje dat Verhuisde (Nederlânsktalige ferzje)
- Abiku
- De Lytse Seemearmin
- Uh...wurd socht
FamyljefoarstellingenBewurkje
- Ronja de Rôversdochter
- Matilda
- It Mirakel fan Hansje Brinker
- Liuwehert (2006)
- De Striid om de Sulveren Bal (2009)
Kluchten en komeedzjesBewurkje
- Wát in Teater!
- De Ynbylde Sike
- Ald Papier
- Baarderlan
- Blowin
Lytse lokaasjeproduksjesBewurkje
- Twa
- Rolling Home
- Salted
- Trije Susters
MinskenBewurkje
Artistyk liedersBewurkje
- Cees Stam (1975)
- Pyt van der Zee (1976 – 1980)
- Thom van der Goot (1980 - 1985)
- Guido Wevers (1985 - 1990)
- Peter te Nuyl (1990 - 1993)
- Jos Thie (1994 - 2003)
- Hans Man in ’t Veld (2003-2007)
- Ira Judkovskaja (2008-2020)
- Tatiana Pratley (2020- )
Inkelde spilersBewurkje
- Jan Arendz
- Klaasje Postma
- Tamara Schoppert
- Marijke Geertsma
- Anny Veenstra
- Hilly Harms
- Romke Toering
- Rense Westra
- Joop Wittermans
- Freark Smink
- Gea Struiksma
- Aly Bruinsma
- Eelco Venema
- Nynke Heeg
- Hans Kroodsma
- Alyt Damstra
- Teatske Heidstra
- Arnold Dijkstra
- Theun Plantinga
- Wobbe Zwart
SkriuwersBewurkje
- Bouke Oldenhof
- Peter Sijbenga
- Albertina Soepboer
- Romke Toering
- Tryntsje van der Zee
- Tjeerd Bischoff
- Jan Arendz
- Jeroen van den Berg