Haadmenu iepenje
Theun Plantinga

Theun Plantinga (Feanwâlden, 23 juny 1983), is in Frysk akteur, regisseur, dramadosint en sûnt koart trouamtner. Yn 1997 waard hy Europeesk kampioen Latin-American, wêrnei 't er him rjochte op de teaterwrâld. Plantinga studearre yn 2008 ôf oan de oplieding Teaterdosint yn Ljouwert.

Yn 2011 wûn de troch him regissearre foarstelling Bloodbrothers (Bloedbân) de Gouden Gurbe-publykspriis.[1][2] Theun Plantinga waard nominearre foar in Musical Award 2013 foar syn regy fan 'Koning van Katoren' by Teater Terra.

Ynhâld

TeaterBewurkje

Hy makke syn teaterdebút yn 2003 by Tryater yn de famyljefoarstelling It mirakel fan Hansje Brinker. Lanlik kaam syn debút koart dêrnei by de Firma Rieks Swarte yn De Groote Storm. Nei in tal muzykteaterfoarstellings by it Ljouwerter Acta Teater folgen rollen yn De Gebroeders Leeuwenhart (regy Rieks Swarte), Het huisje dat verhuisde (regy Gienke Deuten) en Uh...zoek woord (regy Jelly Schippers). By Tryater makke er in muzikale ôfstudearfoarstelling oer húslik geweld: Rake Klappen. Dy foarstelling spile ûnder oare ek yn de Twadde Keamer en kaam yn 2011 út op dvd.

Nei in rige lanlike toernees is hy yn it seizoen (2018/2019) te sjen yn de lânlike teaters mei de foarstelling Masha en de Beer Live! yn de titelrol fan Beer. Derneist bespilet hy de Fryske kafee's mei SeksTips 2, hoge hakken geen bezwaar en wie er fan maaie 2019 ôf te sjen yn de titelrol van Titus Brandsma yn Titus, in muzykteaterspektakel yn de Bonifatiuskapel te Dokkum.

Oar wurkBewurkje

Theun wie as sjonger te hearren yn 2009-2010 as 'Kleinkunsttalent' fan it NCRV-programma 'Volgspot' op Radio 2. Hy wie it Fryske gesicht yn de commercial by de ynfiering fan de Ov-chip en wurket as workshopdosint en regisseur. As regisseur makke hy Tet Rozendal sjongt Marlene Dietrich, Merlijn de tovenaar, Liedjes van Louis Davids, Bloodbrothers, Waden, Maske in Blau en Koning van Katoren. Sjonglessen folge hy by Ellen Bakker, Jimmy Hutchinson en letter by Ivar Costenoble.

Sûnt 2019 is Theun ek selstannich trouamtner foar wettelike en seremoanjele houliken, registrearre partnerskippen, fernijing fan trougeloftes of as sprekker op brulloften en jubilea. Bysûnder is dat Theun de fokus leit op Frysktalige ferbyntenissen as 'Fryske Babs'.

TeaterrollenBewurkje

  • Muziektheater Spektakel TITUS (2019)
  • SeksTips 2, hoge hakken geen bezwaar (2019)
  • Masha en de Beer Live! (2018-2019)
  • SeksTips, wat je van nichten leren kan (reprize 2018)
  • The Who's Tommy (2018)
  • Heedaar! (2018)
  • Altyd Seumer (2018)
  • TINA de Musical (2017-2018)
  • SeksTips, wat je van nichten leren kan (2016-2017)
  • Afblijven op school (2016-2017)
  • Afke's Elfde (2016-2017)
  • Baltic Blues (2016)
  • Hotel de grote L (2016)
  • It Fabryk (2015)
  • Ik, Martinus (2015)
  • Poiesz Revue (2015)
  • Minoes (2014-2015)
  • Bonifatius de musical, passie in het Noorden (2014)
  • Dribbel de musical (2013-2014)
  • Project Scheet! (2013-2014)
  • Afblijven de musical (2014)
  • Zaans Vuur (dec. 2013)
  • De Vuurvogel (2013)
  • Vrieslân Wûnderlân (2013)
  • Os en Ezel, niks mis met kerstmis, musical (2012-2013)
  • Bonifatius de musical (2012)
  • Grutte Jonge solofoarstelling (2010-2012)
  • Jip en Janneke - famyljemusical (2011-2012)
  • Achtste groepers huilen niet (2010-2011)
  • De 101 Dalmatiërs (2010-2011)
  • Daendels de straatmusical (2010)
  • Gastsjonger Volgspot op radio 2 (2009-2010)
  • De wonderlijke reis van Mijnheer Prikkebeen (2009-2010)
  • Achtste groepers huilen niet (2009-2010) Winner 'Musicalworld Award beste jeugdvoorstelling'
  • Circus Mouww - (july 2009)
  • Rake Klappen (maaie 2009)
  • Stamppot Smyt (maaie 2009)
  • Meneer Dinges (april 2009)
  • Schateiland (oktober 2008 - april 2009)
  • Rake Klappen (sept.2008)
  • Uh...wurd socht... (begjin 2008)
  • Rake Klappen (2007/2008)
  • De Kleine Kapitein (2007/2008)
  • It huske dat ferhuze (2007)
  • Liuwehert (De bruorren Leeuwenhart, 2006/2007)
  • Teaterdiners (2006)
  • Sykje nei Mohammed (2006)
  • De Groote Storm (2005/2006)
  • Milkshake foar God (2004)
  • It mirakel fan Hansje Brinker (2003/2004)
  • Teaterdiners by Acta Theater (2001/2004
  • Andorra (2002)
  • Romeo en Julia (2001)
  • Ferhuzing en oare ungemakken
  • Musical Leef (2000/2001)
  • Musical Schoolplein (1999-2000)

TelefyzjeBewurkje

  • 2017 - Het Klokhuis (NTR)
  • 2014 - De Keet - (dramasearje Omrop Fryslân)
  • 2009 - 2010 Ov-chip commercial (Omrop Fryslân)
  • 2009 - Circus Mouww - dokumintêre Omrop Fryslan
  • 2009 - Rake Klappen - dokumintêre fan in teaterfoarstelling (Omrop Fryslan)
  • 2009 - Johnny & Jones - oer teaterfoarstelling Abrahami (Netz Productions)
  • 2008 - Bit - Steven de Jong produksjes, Doarwarder yne Fryske dramarige
  • 2007 - Studio F - antykdief (Omrop Fryslan)

StimmewurkBewurkje

  • 2018 - Fryslân Dok (Voice-over - Omrop Fryslân)
  • 2008 - Liet eintoets Frysk foar de basisskoallen (Omrop Fryslan)
  • 2007 - Museum Gaasterlân-Sleat (harkspul as rûnlieding)

RegyBewurkje

  • 2014, 2015, 2016, 2017, 2018 en 2019 - 'Buitenspelen' yn it Vondelpark Openluchttheater
  • 2016 - Maske in Blau (oprettekoor Animato)
  • 2014 - Bak (Friese speelfilm, Stichting Willewurk)
  • 2013 - Waden, een theatraal ontbijtconcert (Ellen Bakker)
  • 2012 - Koning van Katoren (Theater Terra) Musical Award Nominatie 2013, Beste regie Kleine Musical
  • 2011 - Bloodbrothers - de musical (Iepenloftteater Burgum) Winner '[[Gouden Gurbe]] publykspriis'
  • 2010-2011 - Ferskes fan Louis Davids (Nederlands Comedy Theater)
  • 2009 - Tet Rozendal sjongt Marlene Dietrich
  • 2008 - It swurd ut de stien (Merlyn de tsjoender) (Berne Iepenloft Spul Easterwierrum)
  • 2007 - Blessuretijd - Jeroen van den Berg (Beetstersweach)
  • 2006 - StyleShake bewerking op Midzomernachtsdroom (oplieding Dosint Drama Ljouwert)
  • 2005 - Twee - Jim Cartwright (oplieding Dosint Drama Ljouwert)

DosintskipBewurkje

  • 2014, 15, 16, 17, 18 - 'Buitenspelen' yn it Vondelpark yn Amsterdam
  • 2006 - Workshop Laban's effortraining (Jeugdteaterskoalle ljouwert)
  • 2006 - Dramalessen (Piter Jelles Montessori)
  • 2006 - CKV lessen (Kulturele en Keunstsinnige Foarming) Comenius yn Ljouwert
  • 2005 - Dramalessen (Boargemaster Harmsmaskoalle op De Gordyk / O.S.G. Singelland yn Burgum)
  • 2004 - Dramalessen (Basisskoalle Dr. Theun de Vriesskoalle yn Feanwâlden)

ReferinsjesBewurkje