Tet Rozendal (Feanwâlden / Kûkherne, 1983) is in Fryske sjongster, aktrise en skriuwster út Ljouwert.[1]

Tet Rozendal
akteur
Nachtvlinder
Nachtvlinder
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tet Rozendal
berne 1983
berteplak Kûkherne / Feanwâlden
jierren aktyf 2007 - no
offisjele webside
https://www.tetrozendal.nl/

Fan 1994 oant 2001 dûnse se by it streetdance-jazzballet demonstraasjeteam Dance Explosion. Yn 2000 waard Tet Rozendal Nederlânsk kampioen jazzballet. Se spile dêrnei yn it profesjonele dûnsteäter en folge balletlessen, breakdancelessen en hiphopworkshops. Sûnt 1998 jout se sels ek dûnslessen en -workshops. Se wurke yn ‘dinner shows’, mar ek wol yn teaterprojekten lykas dy fan de groep Sult. Wyls helle se har dieltiid HBU-oplieding maatskiplik wurk en tsjinstferliening.

Yn 2009 gie har earste foarstelling Tet Rozendal sjongt Marlene Dietrich yn première. Mei teksten fan Jurjen van der Meer en muzikale begeleiding fan Marius de Boer en Tseard Nauta spile se rûnom yn de provinsje. Yn 2012 spile se yn it teäterstik Oarlochstriennen fan Marijke Geertsma en Jan Arendz de rol fan Esmée van Eeghen. Esmée van Eeghen wie in Amsterdamske keapmansdochter, dy't de koppen fan de Fryske fersetsminsken oerstjoer makke.

It Wûnder út 'e Wâlden

bewurkje seksje

Yn 2012 bringt se de muzykteäterútfiering It Wûnder út 'e Wâlden. Hjiryn fertelt en besjongt se wûnderdokters as Grutte Wopke, Piter Poes, Fedde de Vries en oare ferneamde genêzers, dúvelbanners en piskikers fan De Wâlden. Se docht dit tegearre mei har fêste muzykmannen, Marius de Boer en Tseard Nauta.[2]

Nachtvlinder

bewurkje seksje

Fan it programma Nachtvlinder skreau se sels it skript. Krektas in rûp wrakselt Tet om har te befrijen fan har kokon om har wjukken útslaan te kinnen. It tsjuster fan de nacht jout dêrby romte foar spotlights, fantasij en ynspiraasje. De solofoarstelling dy't him ôfspilet yn de eartiidske nachtklubsfearen sit dan ek fol mei vol sensuele dûnsen, ferhalen en lieten. It muzikale gedielte waard fersoarge troch komponist en multy-ynstrumintalist Erik de Reus.

De Brekbere Sirkel

bewurkje seksje

Tet Rozendal skreau, produsearre oant 2018 fjouwer solofoarstellings. Yn 2017 wie de premiêre fan De Brekbere Sirkel. Dit skrinende ferhaal fertelt oer de leafde fan Elise (Tet Rozendal) en Didier (Wybo Smids). Harren dochterke waard slim siik en ferstoar. Didier waard lilk mar Elise socht treast. Se trede noch ien kear op mei Didier en harren country- en bluegrassband. Dy band bestie neist Tet Rozendal en Wybo Smids út Gurbe Douwstra, Jan de Vries, Wander van Duin en Tseard Nauta. Yn de foarstelling siet in soad bypassende country- en bluegrassmuzyk.[3] Sa wiene nûmers te hearren fan Johnny Cash, Alison Krauss, Emmylou Harris en Waylon Jennings.

Yn 2013 gie Mata Hari yn première. Ek dy foarstelling en de teksten foar de ferskes skreaun se sels, de muzyk wie fan Erik de Reus. Se spilen dit rom 50 kear yn de Provinsje. Yn 2017 makken se in teatertoer troch Nederlan. Yn 2017 soe Tet Rozendal mei de Mata Hari Mystery Tour troch 11 stêden yn 11 ferskillende lannen reizgje. Yn elke stêd soe se in diel fan har foarstelling mei nij materiaal spylje. De reis troch Europa is op 't lêst net trochgien, mar se spile yn Parys de hiele foarstelling.[4] Yn dizze muzikale teäterfoarstelling siket Tet Rozendaal nei de driuwfearren fan de mysterieuze en leidige Margaretha Zelle út Ljouwert en har libben as Mata Hari. Neist it ferhaal ferwurke Tet in persoanlike ynfalshoeke yn de foarstelling. Alle kearen as se fan it Nederlânsk oerstapte op it Frysk beskreau se in diel fan har eigen libbensferhaal. Der blykten oerienkomsten en ferskillen tusken har libben en it libben fan Mata Hari te wêzen.

  • Mata Hari (2017)
  • De brekbere sirkel (2017)
  • Nachtvlinder (2015)
  • Tet Rozendal sjongt Marlene Dietrich (2013)
  • It Wûnder út de Wâlden (2011)

Neist eigen produksjes spile se yn teäterfoarstellings en telefyzjeprogramma's as NOPPOP. Yn 2017 presintearre se it programma Faderpaard fan Friesian Proms.

Yn 2015 waard Tet Rozendaal kollumniste by Omrop Fryslân.

Sûnt 2002 lei se har ta op sjongen. Yn 2007 waard se profesjoneel sjongster en song as als leadsjongster by dinershows. Sûnt oktober 2008 song se klassikers fan Marlene Dietrich yn it Frysk. Yn har teätershows wurdt se muzikaal bystien troch muzikanten as Marius de Boer op piano en gitaar en Tseard Nauta op kontrabas, akkordeon, fioele en banjo. Har nûmers Lily Marlène en Bern fan 'e Wâlden steane al jierren yn de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân.

Yn 2012 fersoarge se de goreografy foar de teäterfoarstelling Moulin Rouge fan toanielferiening Halbertsma fan Wergea. Yn 2016 wie se te sjen yn de krystmusical Afkes Elfde.[5] Fierders waard se sjuerylid fan ûnder oare it sjongfestival Sjong.

Se wie de skriuwster fan it Grut Frysk Diktee yn 2017. De tekst, mei as titel 'De Kening', gie oer de leafde tusken minsk en hynder.[6] As kollumniste wurket Rozendal sûnt 2015 by Omrop Fryslân en sûnt 2017 foar it blêd Het Fries Journaal.

  • Mata Hari (DVD, 2018)
  • It Wûnder út 'e Wâlden (Marista MCD 8907 CD, 2011)
mei oaren
  • It bêste út de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân, 3" (Marista MCD 7737, 2009)
  • Bestjurre (Wempe 20122, 2012)
  • It bêste út de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân, 5 (Marista MCD 14233, 2014)
  • De hits fan Frysk FM (Marista MCD 17181, 2017)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: