Jos Thie
Jos Thie (Skeveningen, 13 desimber 1954) is regisseur en artistyk lieder. Tusken 1966-1972 gie er nei de HBS-b yn Apeldoarn. Dêrnei die hy in jier high-school yn Amearika. Tusken 1973-1980 die Thie de oplieding Arbeidsorganisaasje Psychology oan de Ryksuniversiteit Grins. Mei syn frou Froukje van Houten hat er twa soannen.
Thie wurke earst as regisseur by it troch him opsetten selskip 'Werk in Uitvoering' yn Grins. Dêr late er ûnder oare filmer Joris Ivens op. Tusken 1982-1993 wurke er by it RO theater Rotterdam as artistyk lieder tegearre mei Antoine Uitdehaag. Yn 1993 waard er artistyk lieder fan Tryater oant 2003. Sûnt 2008 wurket er foar toanielselskip 'De Utrechtse Spelen'. Hjir regisearre hy ûnder mear Hamlet (William Shakespeare) en de iepenloftopera Orfeo ed Euridice op de fiver fan Paleis Soestdijk. Ein 2012 kaam it selskip yn opspraak fanwege in grut finansjeel tekoart, wat late ta it fertrek fan Thie by it selskip yn 2013.[1]
Als freelance regisseur wurke Jos Thie ûnder mear by it Nasjonale Toniel en it Noard Nederlânsk Toaniel. As freelancer die hy Peer Gynt foar Oerol. Ek regisearre hy de musicals Joe, Doe Maar! en de rockopera Tommy. Hy is de fêste regisseur fan Mini & Maxi en Jochem Myjer. Yn de hjerst fan 2014 regissearre hy Flodder de Musical. Yn 2018 hie Thie de lieding oer it hynstespektakel De Stormruiter, dat yn it ramt fan it projekt LF2018 yn it WTC Expo yn Ljouwert opfierd waard.
Tryater
bewurkje seksje- Abe yn it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean
- Orfeo Aqua oan de Aldegeaster Brekken
- Kening Lear yn it Frysk Hynstesintrum fan Drachten
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|