Guido Wevers (Maasmechelen, 3 febrewaris 1952) is regisseur en teaterdirekteur.

Nei syn oplieding oan de Toanielakademy yn Maastricht waard Wevers provinsjaal toanieladviseur by de provinsje Limburch en freelance regisseur.

Yn 1986 waard hy artistyk lieder fan Tryater. Yn 1989 oprjochter en artistyk lieder fan it Kruis van Bourgondië (letter Huis van Bourgondië) yn Maastricht. Njoggen jier letter waard er direkteur fan 't Arsenaal yn Mechelen (B) oant hy yn 2006 werom kaam nei Maastricht om direkteur te wurden fan it Theater oan it Vrijthof. Sûnt dat jier is hy nammens Maastricht ek artistyk kertiermakker foar Maastricht kulturele haadstêd.

Guido Wevers hat mear as 60 regy´s op syn namme stean, hy wie aktyf lid yn in soad kommisjes lykas it Fûns fan de Poadiumkeunsten. Lid fan it Jeropeesk Parlemint foar Kultuer.