Tamara Schoppert
Tamara Schoppert (Amsterdam, 30 maart 1968) is aktrise by toanielselkip Tryater en presintatrise fan Skoalletelefyzjeprogramma's.
Tamara Schoppert is berne yn Amsterdam mar groeide op yn in pleechgesin yn Wynjewâld. Dêrtroch praat Tamara pas sûnt har njoggende Frysk. Nei har diploma oan de Pedagogyske Akademy helle te hawwen folge se in oplieding ta dramadosinte. Se joech trije jier les oan de Teäterskoalle yn Ljouwert. Nei in audysje foar de bernefoarstelling "De Lytse Seemearmin" fan Judith Herzberg koe se oan de slach by Tryater.
By it grutte publyk waard se bekend troch har rol yn Pak'm Stanzi. Dêryn stie de wrakselsport sintraal en hat har hiel wat blauwe plakken oplevere.
Yn 1999 spile se yn gearwurking mei de Ljouwerter Harmony by it Bos Teäter in stik dat skreaun is troch Bouke Oldenhof. Letter die se ek sels de regy fan toanielstikken.
Se spile ek mei yn de film Sportman fan de Ieu
Foar de Skoalle-TV presintearret se De Ezel van Quast, dy't ústsjoerd wurdt op Z@ppelin (Nederland 3).
Se spile mei yn:
- It Perfekte Byld
- Pak'm Stanzi