Wynjewâld
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Opsterlân | ||||
Ynwennertal (2005) | 1993 | ||||
Webstee | www.wijnjewoude.net |
Wynjewâld is in doarp yn de gemeente Opsterlân, by de N381 east fan Beetstersweach. It doarp hat 1993 ynwenners (2005). By de heide en de Mounleane lizze noch in tal pingo's. Foar de oarloch binne by Wynjewâld fûstbilen fan de Neandertalers fûn.
De streek wurdt yn 1315 neamd as Weningawalda. It tsjerkje fan Duerswâld út 1250 is it âldste tsjerkje fan Upsateraland, dat is Opsterlân. It doarp ûntstie op in sânrêch besuden it Keningsdjip.
Yn de 18e iuw kochten de saneamde kompanjoans gebieten om it doarp oan en yn 1767 krige it doarp middels de Opsterlânske Kompanjonsfeart ferbining mei De Gordyk.
Wynjewâlde is yn 1973 ûntstien troch it gearfoegjen fan de eardere doarpen Weinterp en Duerswâld. Dit bin twa oarspronklike lintdoarpen ûntstien op de sûdkant fan it Ald Djip. Op it tskerkhôf stiet ien fan de klokkestuollen yn Fryslân.
MienskipBewurkje
Der binne wol achttjin buertferienings yn Wynjewâld: De Draai, De Heidehippers, De Nije Buert, De Wite Swan, Duerswâld, Heidekneuters, Lyts Grinslân, 't Leantsje, Loksleane, Meiïnoar Ien, Merkebuorren East, Mounleane, Russchenreed, Sintrum, Trambrêge, Tusken Twa Doarpen, Weinterp en Welfingstrjitte. Der is in feriening foar Pleatslik Belang en der binne twa basisskoallen: Votum Nostrum, It Twaspan en pjutteboartersplak De Telle. De doarpskrante hjit De Bân. Bekend yn de omkriten is de Hynstedei. Yn juny organisearret in aparte stifting it doarpsfeest.
FerieningsBewurkje
- Fan twa ien - toaniel
- Longa - gymnastyk
- De Lytse Fjildruters - hynsteriden
- Stikelbearske - fiskjen
- Foarút en Great Foarút - iisclubs
- Weningewalde - tennis
- Fuotbalferiening ODV
- DWS - follybal
Befolking Wynjewâld (Weinterp + Duerswâld)Bewurkje
StrjittenBewurkje
Oer de strjitten fan Wynjewâld
Sjoch ekBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Haadplak: Beetstersweach | |
Doarpen en útbuorrens: Bakkefean • Fryske Peallen • De Gordyk • De Himrik • Jonkerslân • Langsweagen • Lippenhuzen • Lúkswâld • Nij Beets • Oerterp • Olterterp • Sigerswâld • Terwispel • De Tynje • Wynjewâld | |
Buorskippen: Ald Beets • Allardseach (foar in part) • It Foarwurk • Foksebuorren • De Hanebuert • Hanebuorren • Heidehuzen • Himrikerferlaat • Koartsweagen • Lyts Grins • Moskou (foar in part) • Nije Feart • Oerterp oan de Feart • Petersburch • Selmien • Sparjeburd • De Ulesprong • Weinterpferlaat • De Wyngaarden |