Tamme Foppes de Haan
Tamme Foppes de Haan (Duerswâld, 28 jannewaris 1791 - Kampen, 28 maart 1868) wie in predikant en dosint dy't in rol spile by de ôfskieding fan 1834. Hy wie de jongste soan fan de begoedige keapman/ferfeaner Foppe Egberts de Haan en Gepke Bartels. Yn de húshâlding waarden faak djippe petearen oer it leauwe holden. As jonkje al hearde Tamme dat mei belangstelling oan en dat hat in swier stimpel op syn lettere libben setten.
Wurkpaad
bewurkje seksjeDe Haan studearre teology yn Leien en Grins. Nei in swiere krisis kaam er op De Gordyk te wenjen. Hy hie in pensjoentsje krige fanwege "Dweepzieke waanzinnigheid". De Haan klautere wer by de wâl op en yn 1827 die de Haan op 'en nij syn yntree yn Molkwar. Nei Molkwar gie er nei Eksmoarre. Dêr hat in protte stúdzje makke fan de âlde talen. Wis is it net, mar der wurdt sein dat him in professoraat yn de âlde talen yn Grins oanbean is. Nei Eksmoarre waard de Haan yn 1835 yn Ie beroppen. Op Goedfreed 1839 makke de Haan de gemeente yn Ie bekend dat er oergie nei de Ofskiedenen.
Hy waard doe dûmny yn Wânswert. Hy krige ek de opjefte om oankommende dûmny's op te lieden.
Nei it ferstjerren fan Hendrik de Cock yn 1844 krige de Haan de lieding oer de Teologyske Skoalle yn Grins. Der gienen hieltyd mear stimmen op om ta in lanlike oplieding te kommen. Nei't dat yn 1849 de stifting fan dy Teologyske Skoalle yn Frjentsjer mislearre wie, waard 1854 de Teologyske Skoalle yn Kampen iepene. De Haan waard dêr dosint, mei de titel professor. Hy joech dêr de âlde talen, filosofy en dogmatyk.
De Haan hat him eins nea lokkich yn Kampen field. Underinoar makken de oare dosinten wat hast op rûzje like. Boppedat wie Simon van Velzen ek professor wurden. De Haan en van Velzen wienen bot ferskillend en Van Velzen soarge der foar dat syn hoanne kening kraaide.
De synoade hat besocht dat de professors ien sile lûke soenen, mar dat is net slagge. It is der op útrûn dat de Haan, nettsjinsteande er him der tige tsjin fersetten hat, yn 1860 mei pinsjoen stjoerd is.
Yn 1868, nei't er al skoft net sa goed wie, is Tamme de Haan te Kampen ferstoarn.
Literatuer
bewurkje seksje- Jaap van Gelderen - Tamme Foppes de Haan (Kampen 2000)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |