Duerswâld is in earder doarp yn Opsterlân dat letter mei Weinterp it doarp Wynjewâld wurden is. De namme komt op âlde kaarten ek foar as Dyoertswold, Duyrswold(e), Duyrswold en Diverswold. It krige syn namme troch in persoansnamme + -wâld. It wie in âld streekdoarp mei yn 1954 564 ynwenners, dêr't al gau in kom ûntstie dy't foar in part ûnder Weinterp foel. Yn Duerswâld stiet it âldste tsjerkje fan Opsterlân (út de 13e iuw) mei in Noardsk doarke.

Tsjerke Duerswâld

De bosken oan de eastkant oan beide kanten fan de strjitwei nei Bakkefean binne sette litten troch de famylje Lycklama à Nijeholt dy't tusken 1850-1900 mei de oanlis begûn.

De âldste dinnestân, de Jan Annesbosk, is fan 1869. Op de bettere grûnen by it Alddjip binne kaphoutbosken oanlein en de 'ikehiemen' njonken de ta it besit hearrende pleatsen. It hiele terrein is sa'n 200 ha. bosk. Troch bebosking fan in diel fan de Duerswâlder Heide is dit letter grutter wurden.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: