Duerswâldmer Heide
(Trochferwiisd fan Duerswâlder Heide)
De Duerswâldmer Heide is it grutste heidefjild fan Fryslân. It gebiet rint fan de râne fan Wynjewâld, oant flak by Bakkefean en Donkerbroek. Benammen fan de hichte oan de boskrâne ôf dy 't de heide skiedt fan de bosk, is it heidefjild goed te oersjen.
Heidemarkes
bewurkje seksjeOer it hiele heidefjild ferspraat lizze lytse plassen, dy't de Duerswâldmer heide sa unyk meitsje. Yn de Midsiuwen waard de heide sels bewenne. De minsken wennen flakby de puollen. Bewizen dat de heide bewenne west hat, binne opgravingen fan potdiggels op de heide. Ek dogge ferskate oanplante ikebeamwâlen tinken oan de tiden dat de heide bewenne wie.