Rotstergaaster Wâlen

De Rotstergaaster Wâlen is in natoergebiet by Rotstergaast. It gebiet wurdt beheard troch Steatsboskbehear. De Rotstergaaster Wâlen lizze oan de Tsjonger dy’t súdeastlik fan Rotstergaast rint. It eardere reliëf, mei rivierdúntsjes, deltes en âlde rivierrinnen binne bewarre bleaun. De grûn bestiet út fean, sân en balstienliem. Yn it gebiet lizze plassen, puoltsjes en houtwâlen. De wiete, skrale greiden binne gaadlik foar bysûndere plantesoarten as trijekantgers en skieppeklokje.

Rotstergaaster Wâlen
lokaasje
neiste plak Rotstergaast
oare ynformaasje
behear Steatsboskbehear

It gebiet bestiet út healannen, skraallannen en houtwâlen. Om 1900 wiene der noch in soad fan sokke lannen dy’t amper bedonge waarden. Mei it ferdwinen fan de amper bedonge greidlannen ferdwûnen ek de greidepoddestuollen. Yn de Rotstergaaster Wâlen komme 25 fan de 47 soarten greidepoddestuollen foar.[1] It gebiet wurdt dan ek sjoen as it rykste ‘wasplaatterrein’ (in bepaald soarte poddestuollen) yn Nederlân. Wasplaten dije meastentiids goed yn skrale greiden. Seldsume en bedrige soarten as de klaproaswasplaat en de giele wasplaat komme hjir foar, krektas de beskerme rôzereade wasplaat. Yn 2013 waard sa’n 50 hektare fan de Rotstergaaster Wâlen oanwiisd as wasplaatreservaat.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Natoergebieten fan Steatsboskbehear yn Fryslân

AlddyksgatDe Alde BoskBalksterboskBeekdelling AlddjipBlikfeartBoksleatBoskplaatBrandemarBremer WyldernisBurgumer MarBûten IeDe DeelenDellebuorrenDriezumer MarDrintsk-Fryske WâldDuerswâldmer HeideEastboskEgypteboskElfbergenGeastmer boskGouden BoaiemGrutte BrekkenHagedoarnfjildHamstermiedenHarichsterboskHaulsterboskenHeanmarHimpensermarHollumerboskHoutwielJolderenboskJouswierpolderDe KalkmanKanadamarKlaarkampster MarKoegelwieckKop fan de BloksleatpolderKoudumer HeechKroanpoldersKwekerijboskLange DunenLângoed It OranjewâldLângoed Stania StateLauwersmarDe LeienLindefalleiMarlannenLytse MarrenNannewiidNoardlike Fryske WâldenNesserboskNijemardumer HeideNoardfarderPolder ReahelReidpôllenRoasdunenRoazeboskRotstergaaster WâlenRottige MeenteSânhúster FjildSchwartzenbergerboskSleattemer MarSnitser MarSparjeburdStarnumanboskenDe SteatenSweagermiedenIt SwinTsjongerwâlenTsjûkemarTwizelermiedenDe VleyenWarkumer NijlânDe WarrenWeinterper SkarWikeler HopDe WyldemerkWynzerpolder Wite en Swarte Brekken