Brandemar (Weststellingwerf)
De Brandemar (Stellingwerfsk en offisjeel: Braandemeer) is in mar yn de gemeente Weststellingwerf, yn 'e himrik fan Aldlemmer. De mar is ûnderdiel fan in natoergebiet. Oan de súdkant, by de Helomafeart, leit in net tagonklik sompegebiet mei petgatten dat trochrint yn Oerisel. Eigner Steatsboskbehear lit it gebiet ferfeantsje om sa ferlanningsfegetaasje in kâns te jaan. Om de Braandemeer hinne rinne kuier- en fytspaden.
De namme Braandemeer jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Brandemeer.