Schwartzenbergerbosk
De Schwartzenbergerbosk is in natoergebiet by Noardburgum dat beheard wurdt troch Steatsboskbehear. De bosk is ein njoggentiger jierren fan de tweintichste iuw oanlein yn it ramt fan de ruilferkaveling. Op wiete liemige plakken groeiden doe spontaan feanmoas, biezem- en skrobberheide.[1]
Schwartzenbergerbosk | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Noardburgum | |
oare ynformaasje | ||
behear | Steatsboskbehear |
De bosk lei oarspronklik tusken Feanwâlden en de Simmerwei ûnder Noardburgum. Neidat de famylje Schwartzenberg de bosk ferkocht hie oan de famylje Du Tour waard it ‘Du Toursbosk’ neamd. De bosken wiene ek eigendom fan it ‘Gemeentlik Bosbedriuw’ dy’t it as wurkferskaffingsprojekt brûkte om it oerflak lânbougrûn te fergrutsjen.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |