Skrobberheide
Skrobberheide (Erica) is in plantegeslacht út de heidefamylje.

Alle leden fan it geslacht hawwe altydgriene, nuddeleftige blêden fan 2 - 15 millimeter lang yn krânsen fan trije of fjouwer.
De fjouwertoskige blomkroan mei frije blomstêfkes stiet middenyn in griene tsjelk (fleiskleurich by Erica carnea). Erica sicula (Syn. Pentapera sicula ) hat in meastal fiiftoskige blomkroan.
De besibbe soarte Bruckenthalia spiculifolia (Syn. Erica spiculifolia) hat blomstêfkes dy't mei de blomkroan fergroeid binne.
De measte Europeeske soarten binne dwerchstrewellen fan 20 - 80 sintimeter heech. De grutste binne de beamheide, Erica arborea, en de biezemdopheide, Erica scoparia, dy't 6 - 10 meter heech wurde kinne.
Fan de mear as 750 soarten komme der mear as 600 yn it fynbos yn de Kaapstreek fan Súd-Afrika foar. De oare soarten binne ynlânsk yn de rest fan Afrika, it Middellânske Seegebiet en Europa.
Keppeling om utens Bewurkje
- Flora Europaea
- Flora of the Western Cape
- Geographical affinities of the Cape flora, South Africa
- Picture gallery of South-African Erica's
- The Heather Society
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Erica fan Wikimedia Commons. |