De Alde Bosk
De Alde Bosk is in natoergebiet benoarden Wynjewâld yn it easten fan Fryslân.
De Alde bosk waard ein njoggentjinde iuw troch de famylje Lycklama à Nijeholt oanlein as produksjebosk. Dy famylje hie ûnder mear grutte kompleksen heide en bosken om Duerswâld hinne. It gebiet makket wyls diel út fan it troch Steatsboskbehear beheard natoergebiet Keningsdjip. It gebiet, dat yn de buert leit fan it rivierke de Boarn, dat ek Alddjip of Keningsdjip neamd wurdt. Yn it noarden fan 't Oude Bosch leit de Frellefiver. It besteande marke[1] waard om 1900 yn opdracht fan frelle Eritia Ena Romelia Lycklama à Nijeholt (1845-1902)[2] fergrutte en ferfraaid ta in fiver. By de fiver liet se in teekoepel en in boatehûs oanlizze, sadat har gasten har ûntspanne koenen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|