Blikfeart
De Blikfeart (Biltsk en offisjeel: Blikfaart; Nederlânsk: Blikvaart) is in feart yn de gemeente De Waadhoeke. De feart rint fan de Hemmemawei nei it westen oan de Kalde Wei ta, de wei fan Sint Anne nei Berltsum. De feart is ûnderdiel fan de Alvestêderûte; it iis fan de Blikfeart is faak min mei in soad skuorren. Oan it wetter leit ek in minykemping en twa natuergebietsjes.
Mear westlik leit ek noch de Lytse Blikfeart.
De namme Blikfaart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Blikvaart. De namme is dan ek skreaun op syn Biltsk.