Kop fan de Bloksleatpolder
De Kop fan de Bloksleatpolder is in natoergebiet fan 80 bunder by De Jouwer. It gebiet leit yn it klaai-op-feangebiet yn De Lege Midden oan de Goaiïngarypster Puollen. De polder is neamd nei de feart de Bloksleat, mar ek in syddyk fan de Tramwei tusken De Jouwer en Twellingea. It paad leit oan de polderdyk en rint lâns de Langsturtepoel, de Gudzekop, de Noarder Alde Wei en de Goaiïngarypster Puollen.
Kop fan de Bloksleatpolder | ||
Yn de polder briede in soad kwetsbere greidefûgels, lykas de skries, de tsjirk en de ljurk. Ek de mûzebiter is in fêste gast. It gers yn dit gebiet wurdt pas nei 15 juny meand, sadat de fûgels de kâns hawwe om te brieden.
De greiden wurde allinnich mei stâldong bedonge. Dat komt sawol de planten as de fûgels te’n goede. Bysûndere planten binne de djerreblom en de spaanske ruter. Troch it lette meanen yn dit gebiet krije de planten kâns om sie te foarmjen.
Simmerpolder en winterpolder
bewurkje seksjeDe Kop fan Bloksleat is in winterpolder omdat de polder simmer- en winter bemeald wurdt. It gebiet wurdt beheard troch Steatsboskbehear. Steatboskbehear hat yn de omkriten noch mear simmerpolders yn behear dy’t allinnich simmerdeis. It net bedike boezemlân strûpt by heech wetter ûnder, lykas it eilantsje Frijgerzen.
Wetterberging
bewurkje seksjeYn 2001 die de provinsje in proef foar de berging fan bûtenwetter. It natoergebiet waard twa wiken lang ûnder wetter setten. It eksperimint wie foar de provinsje needsaak omdat de wetteroerlêst dy lêste tiid hieltyd grutter waard. De Kop fan de Bloksleat waard tusken 2000 en 2003 trije kear ûnder wetter setten. De proef mei tydlike wetterberging moast útwize oft yn tiden fan heech wetter de berging fergrutte wurde koe troch lân tydlik ûnder wetter te setten om wetteroerlêst te foarkommen.[1][2] It ûndersyk moast ek dúdlikheid jaan oer de wetterkwaliteit en de gefolgen foar bisten. Wichtichste konklúzje wie dat it yn goed oerlis mei alle belutsen partijen net folle kwea koe.[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|