Goaiïngarypster Puollen
De Goaiïngarypster Puollen is in wetter yn de gemeente De Fryske Marren.
It stiet op meardere plakken yn direkte ferbining mei de Snitser Mar en is hjir allinnich mar fan skieden troch de eilantsjes de Grutte Griene en de Lytse Griene. Troch de Noarder Alde Wei stiet de mar oan de súdkant yn ferbining mei de Langwarder Wielen. Oan de mar leit it doarp Goaiïngaryp mei jachthaven.
Krekt as de Snitser Mar binne der simmerdeis in soad wettersporters op en by de Goaiïngarypster Puollen.
De marren binne part fan it Natura 2000-gebiet Snitsermargebiet.