Skries
De skries (Limosa limosa) is in fûgelsoarte út de famylje fan de Snipfûgels.
skries | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Limosa limosa | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: gefoelich
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel simmerfûgel wintergast |
Greidefûgel
bewurkje seksjeDe skries is ien fan de meast bekende greidefûgel. Wol hâldt de skries fan wat sompiger greiden. Op de hjoeddeistige greiden mei in leech wetterpeil fielt er him net thús. De skries is dêrom de lêste tiid yn tal hurd efterútbuorke. De skriezen sykje harren iten mei harren lange snaffel yn 'e grûn, it leafst yn ûndjip wetter.
Oare nammen
bewurkje seksjeDe Skries wurdt yn it Frysk ek wol beneamd as Skrie of Grito.
Fersprieding
bewurkje seksjeIt briedgebiet fan de Skries rint fan Yslân oant it easten fan Sibearje. De oerwinteringsgebieten lizze yn Súd-Jeropa, Afrika en sels Austraalje. Mei de fûgeltrek binne de skriezen ek in protte yn de waadgebieten te sjen.
Fuortplanting
bewurkje seksjeDe skriezen briede fan ein april ôf op 4 aaien. 24 dagen lang briede de fûgels om bar op de aaien. Wylst it gers langer wurdt ûnder it brieden, wurdt it nêst geandewei better kamûflearre. De âlden passe noch sa'n 4 wike op de jongen. Dit meie se graach dwaan troch op yn hikkepealtsje de jongen yn it each te hâlden.
Yn protte nêsten wurde troch seefûgels of krieën leechrôve. De skriezen meie dan ek graach yn 'e buert fan ljippen en tsjirken briede sadat de nêsten mei syn allen ferdigene wurde kinne.