Lângoed It Oranjewâld

Lângoed It Oranjewâld is in lângoed yn Parkgebiet It Oranjewâld yn de gemeente It Hearrenfean.

Lângoed It Oranjewâld

Albertine Agnes fan Nassau, widdo fan de Fryske steedhâlder Willem Freark fan Nassau, erfde yn de 17e iuw it Skoatterwâld by It Hearrenfean in lângoed dat bestie út ferskate lannen, boskpersielen en gebouwen. Hja boude dêr in lustslot en liet der moaie tunen oanlizze.
It hjoeddeiske hûs op Lângoed It Oranjewâld waard boud yn 1829. Sûnt 1910 wurdt it lângoed bewenne troch Charles L.A.J. greve fan Limburg Stirum, dy't troud is mei Maria de Block fan Scheltinga. Hy is militêr, mar ferlit de tsjinst om him te wijen oan it behear fan It Oranjewâld. Syn sûnens is min, en hy ferstjert yn 1931 op de leeftyd fan 54 jier. Nei har ferstjerren yn 1962 komt it lângoed troch fererving yn besit by Jhr. Martinus de Blocq van Scheltinga.
Maarten Scheltinga wie sûnt 1926 troud mei Cecilia Johanna grevinne fan Limburg Stirum. Om 1953 hinne ferwoast it brân yn it koetshús in grut diel fan syn kolleksje belsliden. It blussen foel goed ôf, wat in bluswetter moast út de beferzen grêft komme. Dat selde jier ferstjert syn frou. Hy ferkeapet Lângoed It Oranjewâld en giet mei syn twadde frou, Nicoline Anna (Nina) Philipse (1907) op in lytser bûten wenjen, Prinsenhof, ek yn it doarp It Oranjewâld. Letter ferhúzje se nei Grandvaux by Lausanne, wêr't hy yn 1961 ferstjert.

Ruilferkaveling

bewurkje seksje

As gefolch fan de ruilferkaveling Midden Tsjonger waard in diel fan it NW túndiel rûge. Hjirtroch wie de barokke tún net mear yntakt.

Yn 2004 hat it lângoed him oan de noardside útwreide. Yn it nije stik waard Museum Belvédère boud, ûntwurpen troch arsjitekt Eerde Schippers. It gebou is yn swarte basaltplaten ôfwurke. It is it earste museum foar moderne en hjoeddeiske keunst yn Fryslân.
It âlde NW túndiel waard troch Steatsboskbehear rekonstruearre nei ûntwerp fan lânskipsarsjitekt Michael R. van Gessel en mei it nije parkdiel en it museum hjit dit no it Museumpark Lângoed It Oranjewâld. Op 24 novimber 2004 waard it Museum en it Museumpark iepene troch keninginne Beatrix.

Muzykfestival

bewurkje seksje

Yn de simmer fan 2007 waard foar it earst in 3-deisk keamermuzykfestival organisearre. Der binne dan konserten yn it museum en op it lângoed. By moai waard wurde ek iepenloftkoserten hâlden, neist it wetter dat it museum en it lânhûs ferbynt. Op it programma stiet ek in masterclass. Sjoch Programma 2007

Dei fan it Park

bewurkje seksje

Op earste pinksterdei is de nasjonale Dei fan it Park, in dei wêrop spesjaal omtinken jûn wurdt oan it grien. Op It Hearrenfean wurdt it parklânskip fan Lângoed IT Oranjewâld sintraal steld.

  • Eigener fan it lângoed is Friesland Bank
  • De 'Landgoed Oranjewoud BV' waard oprjochte om it lângoed te behearen en te eksploitearjen.
  • It museum hie op it momint fan iepening al 70 frijwilligers.
  • Yn 2004 waard de Nasjonale Beamfeestdei fierd yn it Museumpark. UNder tasjend each en mei help fan Steatsboskbehear waarden 2500 jonge iken plante en in spesjale bertebeam foar prinses Amalia.
  • Yn 2006 waard Museum Belvedère as 'BNA gebou 2006' keazen, regio Noard.
  • Yn 2006 waard de Museumtún earfol fermelde by de 'Europe Nostra Award', fanwege de bydrage foar behâld en ûntwikkeling fan kultuerhistoarysk erfgoed.
Natoergebieten fan Steatsboskbehear yn Fryslân

AlddyksgatDe Alde BoskBalksterboskBeekdelling AlddjipBlikfeartBoksleatBoskplaatBrandemarBremer WyldernisBurgumer MarBûten IeDe DeelenDellebuorrenDriezumer MarDrintsk-Fryske WâldDuerswâldmer HeideEastboskEgypteboskElfbergenGeastmer boskGouden BoaiemGrutte BrekkenHagedoarnfjildHamstermiedenHarichsterboskHaulsterboskenHeanmarHimpensermarHollumerboskHoutwielJolderenboskJouswierpolderDe KalkmanKanadamarKlaarkampster MarKoegelwieckKop fan de BloksleatpolderKoudumer HeechKroanpoldersKwekerijboskLange DunenLângoed It OranjewâldLângoed Stania StateLauwersmarDe LeienLindefalleiMarlannenLytse MarrenNannewiidNoardlike Fryske WâldenNesserboskNijemardumer HeideNoardfarderPolder ReahelReidpôllenRoasdunenRoazeboskRotstergaaster WâlenRottige MeenteSânhúster FjildSchwartzenbergerboskSleattemer MarSnitser MarSparjeburdStarnumanboskenDe SteatenSweagermiedenIt SwinTsjongerwâlenTsjûkemarTwizelermiedenDe VleyenWarkumer NijlânDe WarrenWeinterper SkarWikeler HopDe WyldemerkWynzerpolder Wite en Swarte Brekken