De Kroanpolders is ín dúngebiet en beskerme natoergebiet op it waadeilân Skylge tusken de strânpeallen 3 en 8. It gebiet falt formeel ûnder it doarp West-Skylge.

De Kroanpolders binne tusken 1920 en 1929 ûntstien yn it seegebiet tusken de âlde dunen fan Skylge en de sânplaat de Noordsvaarder troch de oanlis fan stodiken nei in plan fan in yngenieur fan Rykswettersteat J.W. Kroon.

It gebiet bestiet út in seistal lege delten skieden troch lange rjochte stodiken. Yn it oantal fan de dielen komt in grutte fegetaasje foar fan cranberry of Amerikaanske feanbei. It grut diel fan de delten is begroeid mei reid of mei strewellen fan meardere soarten wylgen. Op inkele plakken binne weardefolle fegetaasjes fan knopspyts (Schoenus nigricans), parnassia (Parnassia palustris), brede moaraskaaiblom (Epipactis palustris) en grienknolorchis (Liparis loeselii).

Briedfûgels út de Kroanspolders binne hoanskrobber, blauwe mûzebiter, wylp, fitop, flip, blauboarstke, reidimerke, karrkyt, reidsjonger, wetterhintsje, dûkerke en oaren.

De Kroanpolders binne yn behear by Steatsboskbehear.

Op Flylân komt in fergelykber febiet foar mei de namme De Kroans Polders.

Natoergebieten fan Steatsboskbehear yn Fryslân

AlddyksgatDe Alde BoskBalksterboskBeekdelling AlddjipBlikfeartBoksleatBoskplaatBrandemarBremer WyldernisBurgumer MarBûten IeDe DeelenDellebuorrenDriezumer MarDrintsk-Fryske WâldDuerswâldmer HeideEastboskEgypteboskElfbergenGeastmer boskGouden BoaiemGrutte BrekkenHagedoarnfjildHamstermiedenHarichsterboskHaulsterboskenHeanmarHimpensermarHollumerboskHoutwielJolderenboskJouswierpolderDe KalkmanKanadamarKlaarkampster MarKoegelwieckKop fan de BloksleatpolderKoudumer HeechKroanpoldersKwekerijboskLange DunenLângoed It OranjewâldLângoed Stania StateLauwersmarDe LeienLindefalleiMarlannenLytse MarrenNannewiidNoardlike Fryske WâldenNesserboskNijemardumer HeideNoardfarderPolder ReahelReidpôllenRoasdunenRoazeboskRotstergaaster WâlenRottige MeenteSânhúster FjildSchwartzenbergerboskSleattemer MarSnitser MarSparjeburdStarnumanboskenDe SteatenSweagermiedenIt SwinTsjongerwâlenTsjûkemarTwizelermiedenDe VleyenWarkumer NijlânDe WarrenWeinterper SkarWikeler HopDe WyldemerkWynzerpolder Wite en Swarte Brekken