Wetterhintsje
It wetterhintsje (Rallus aquaticus) is in fûgel út de famylje fan 'e ralfûgels (Rallidae).
wetterhintsje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Rallus aquaticus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmergast stânfûgel wintergast mooglik útstoarn |
Beskriuwing
bewurkje seksjeIt wetterhintsje wurdt likernôch 22 oant 28 sm lang. De fearren besteane út in kastanjebrune boppeside mei swarte strepen en in blaugrize ûnderkant mei streepte flanken en in wite ûndersturt. De fûgel hat in lange, tinne reade snaffel, reade eagen en rôzebrune poaten.
Iten
bewurkje seksjeDe fûgel is net sinnich mei iten en yt wat er yn 'e dridze fynt: wjirmkes, ynsekten, tongerkopkes en woartels fan planten, mar ek wol lytse fiskjes, kikkerts en lytse skaaldieren.
Aaikes
bewurkje seksjeIt wetterhintsje leit fiif oant tolve brutsen wite oant ljocht gielbrune aaikes mei readbrune plakjes, dy't yn in reiten nêst lein wurde.
Biotoop
bewurkje seksjeWetterhintsjes komme hast oeral yn Europa foar, mar net yn it Hege Noarden. Yn Fryslân is it wetterhintsje fral te finen yn it suden en it easten fan 'e provinsje, mar op 'e klaai komme se net foar. Hja libje yn reidsompen en binne dreech te sjen. Foar wetterhintsjes moatte de reitfjilden net te bot trochsjitte mei begroeiing en wetterhintsjes ferdwine ek as it lân droeger wurdt. De jonge sompen yn 'e Lauwersmarkrite binne bygelyks in goed hinnekommen foar in groeiend tal wetterhintsjes.
In oantal fan ús wetterhintsjes oerwinteret yn Ingelân en Frankryk, wylst de bliuwende fûgels dan mei wetterhintsjes út kâldere dielen fan Europa oanfolle wurde. Winterdeis binne wetterhintsjes minder bûn oan 'e reitlannen en komme se ek by kanalen en fearten foar. De measte wetterhintsjes binne dan yn 'e westlike provinsjes tichteby de kust te finen. Yn Fryslân is de Lauwersmar winterdeis in plak mei in soad wetterhintsjes.[1]
Undersoarten
bewurkje seksjeDer wurde trije ûndersoarten ûnderskieden:
- R. a. hibernans: Yslân.
- R. a. aquaticus: Europa, noardlik Afrika en westelik Aazje.
- R. a. korejewi: fan 'e Aralmar en Iran oant noardwestlik Sina en Kasjmir.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|