Wylp
De wylp (Numenius arquata) is in fûgel út de famylje fan de snipfûgels (Scolopacidae). It is in grutte steltrinner (52 sm lang) mei in 9 - 15 sm lange, kromme nei ûnderen bûgde snaffel. It is de grutste steltrinner fan West-Europa. Hy is sûnder mis te werkennen, betizing is allinnich moogklik mei de reinwylp dy't 10 sm lytser is mei in snaffel fan 6 - 9 cm. De wylp hat net folle tekening op de kop, allinnich in skiere ljochte eachstreek. De reinwylp hat in donkere eachstreek en in krúnstreek.
Status yn Nederlân
bewurkje seksjeYn Nederlân binne wylpen it hiele jier troch te finen. De fûgel briedt yn iepen agrarysk gebiet mar ek yn drûge, iepen natoergebieten. Yn de jierren 1980 groeide it oantal fûgels dat briede yn agrarysk gebiet en naam it oantal dat keas foar natoergebieten ôf. Fûgels dy't yn Nederlân briede, oerwinterje súdliker, bygelyks yn Belgje, Frankryk, Dútslân, Ierlân, Spanje en it Feriene Keninkryk. Yn de winter hâlde hjir fûgels ta út Ruslân en Skandinaavje en mooglik in lyts oantal dat hjir ek briede.
Yn it briedseizoen binne se yn hiel Europa werom te finen, mei útsein inkele lannnen yn Súdeast-Europa.
De wylp stiet net op de Nederlânske reade list, wol op de ynternasjonale IUCN-list as 'gefoelich' (Near Threatened).
Keppeling om utens
bewurkje seksje- SoortenBank.nl beskriuwing, ôfbylden en lûd
-
Reculver, Kent, England yn maart
-
aaien fan de wylp
-
Numenius arquata
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Numenius arquata fan Wikimedia Commons. |