Reidimerke
It reidimerke (Locustella naevia) is in sjong- en trekfûgel út 'e famylje imerkesjongerfûgels (Locustellidae).
reidimerke | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Locustella naevia | ||||||||||||
Boddaert, 1783 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Skaaimerken
bewurkje seksjeDe sang bestiet út in lang snoarjen lykas fan in imerke, dat troch koarte skoftkes ûnderbrutsen wurdt. It fûgeltsje is 12,5 oant 13,5 sm lang. Oan 'e ûnderkant is it smoarchwyt en oan 'e boppekant en krún brún mei donkerbrune streken. De stút is ljocht fan kleur. De eachstreek is dizich. Fierder hat de fûgel fleiskleurige poatsjes. Beide geslachten binne allyk.
Iten
bewurkje seksjeIt reidimerke yt ynsekten, larven en spinnen.
Biotoop en fersprieding
bewurkje seksjeDe fûgel libbet ferside yn lang gers, strewellen en reit yn sompen en op mear iepen terrein mei beammen en strewellen. Ek binne se te hearren yn dúngebieten en op greide mei sleatten en reid. It reidimerke is in skou fûgeltsje dat him net graach sjen lit, mar troch de sang wol te finen is.
Reidimerkes briede yn it westen fan Aazje en in grut part fan Jeropa (mar de fûgel ûntbrekt yn grutte dielen fan Súd-Europa en Skandinaavje). Gruttere konsintraasjes fan reidimerkes yn Fryslân binne op 'e eilannen, yn it Lauwersmargebiet, de Alde Feanen en de Lindefallei. Lannelik is de fûgel goed fertsjintwurdige yn it noarden en it westen. De fûgel is hjir fan healwei april oant ein septimber. Hja oerwinterje yn tropysk Afrika en Yndia.
Undersoarten
bewurkje seksjeFan reidimerkes binne trije ûndersoarten bekend:
- L. n. naevia: fan Europa oant it westen fan Jeropeesk Ruslân en de Oekraïne.
- L. n. straminea: it easten fan Jeropeesk Ruslân oant súdwestlik en midden-Sibearje, eastlik Kazachstan, noardwestlik Sina en westlik Mongoalje.
- L. n. obscurior: eastlik Turkije en de Kaukasus.
Status
bewurkje seksjeYn Nederlân is it reidimerke lokaal frij algemien. It tal briedpearkes waard yn 2018-2020 op 5000-6100 rûsd. Tusken 1984 en 2010 is it oantal oer de kop gien, mar sûnt 2010 liket de Nederlânske populaasje frij stabyl. De wrâldpopulaasje wurdt tusken de 3.000.000 en 6.000.000 eksimplaren rûsd. De soarte wurdt as net bedrige sjoen.
Fideo fan in sjongend reidimerke
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside nl:Sprinkhaanzanger (ferzje fan 7 jannewaris 2024)
|