Moskeftigen
De moskeftigen (Passeriformes) foarmje fierwei it grutste skift fan de fûgels (Aves). Yn dit skift hawwe sa'n 60% fan alle no-libbene fûgelsoarten in plak. De moskeftigen binne nei alle gedachten it jongste skift fan de fûgels en komme út it Oligoseen of faaks it Eoseen.
Moskeftigen | ||
Spaanske mosk (Passer hispanoliensis). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
Linnaeus, 1758 | ||
Klassifikaasje
bewurkje seksjeDe klassifikaasje fan de moskeftigen is noch in saak fan yngeand ûndersiik en diskusje. De ûnderferdieling in "ûnderskiften", "tuskenskiften", "boppefamyljes" en sa hjirûnder is inkeld yndikatyf. Fan de folle hûnderten famyljes wurdt hjir mar in part nêamd, wêrûnder wol alle famyljes dy't yn Jeropa foarkomme.
Klasse fûgels (Aves)
- Skift: Passeriformes (moskeftigen)
- Klade (of Ûnderskift): Acanthisitti (Nijseelântomkes)
- Famylje Acanthisittidae (Nijseelântomkes), 2 oerlibbene soarten
- Ûnderskift: Tyranni of Suboscines (skreaufûgels)
- Tuskenskift: Eurylaimides (breedbekken en pitta's), 5 famyljes
- Tuskenskift: Tyrannides (tirannen, eamelfûgels, ûnefûgels, e.o.), 11 famyljes
- Ûnderskift: Passeri of Oscines (sjongfûgels)
- groep fan 10-12, sawat alle Australyske, (boppe)famyljes, net yndield yn ien fan de ûndersteande boppefamyljes
- Boppefamylje: Corvoidea, sawat 15 famyljes, dêrûnder:
- Famylje: wurgerfûgels (Laniidae), 33 soarten
- Famylje: vireo's (Vireonidae), 64 soarten
- Famylje: gielegouwen (Oriolidae), 38 soarten
- Famylje: drongo's (Dicruridae), 30 soarten
- Famylje: paradysfûgels (Paradisaeidae), 43 soarten
- Famylje: kriefûgels, kraaifûgels of ravenfûgels (Corvidae)
- Boppefamylje (foarsteld): Bombycilloidea, 6 famyljes, 15 soarten:
- Famylje: sidesturten (Bombycillidae), 3 soarten
- Boppefamylje (foarsteld): Paroidea, 3 famyljes:
- Famylje: elfmiggesnappers (Stenostiridae), 9 soarten
- Famylje: miesfûgels (Paridae), 64 soarten
- Famylje: pongmiezen (Remizidae), 11 soarten
- Boppefamylje: Sylvioidea, 23 famyljes, dêrûnder:
- Famylje: burdmantsje (Panuridae), 1 soarte
- Famylje: ljurkfûgels (Alaudidae), 100 soarten
- Famylje: búlbúls (Pycnonotidae), 158 soarten
- Famylje: swelfûgels (Hirundinidae), 88 soarten
- Famylje: Afrikasjongers (Macrosphenidae), 18 soarten
- Famylje: strewelsjongers (Cettiidae), 32 soarten
- Famylje: woastynsjongers (Scotocercidae), 1 of 2 soarten
- Famylje: langsturtmiesfûgels (Aegithalidae), 13 soarten
- Famylje: bosksjongers (Phylloscopidae), 80 soarten
- Famylje: reidsjongers (Acrocephalidae), 62 soarten
- Famylje: imerkesjongers (Locustellidae), 60 soarten
- Famylje: gerssjongers (Cisticolidae), 163 soarten
- Famylje: hagekrûpers (Sylviidae), 34 soarten
- Famylje: brilfûgels (Zosteropidae), 141 soarten
- Famylje: babbelers (Leiotrichidae), 133 soarten
- Boppefamylje (foarsteld): Reguloidea, 1 famylje:
- Famylje goudtoefkes (Regulidae), 6 soarten
- Boppefamylje (foarsteld): Certhioidea, 5 famyljes:
- Famylje tomkes (Troglodytidae), 88 soarten
- Famylje miggefangers (Polioptilidae), 20 soarten
- Famylje blauspjochten (Sittidae), 28 soarten
- Famylje muorrekrûper (Tichodromidae), 1 soarte
- Famylje beamkrûpers (Certhiidae), 11 soarten
- Boppefamylje: Muscicapoidea, 6 famyljes:
- Famylje: spotlysters (Mimidae), 34 soarten
- Famylje: protterfûgels (Sturnidae), 123 soarten
- Famylje: oksepikkers (Buphagidae), 2 soarten
- Famylje: lysterfûgels (Turdidae), 172 soarten
- Famylje: miggesnappers (Muscicapidae), 332 soarten
- Famylje: wetterlysters (Cinclidae), 5 soarten
- Boppefamylje (foarsteld): Dicaeoidea, 2 famyljes:
- Famylje: basterthuningfûgels (Dicaeidae), 49 soarten
- Famylje: huningsûgers (Nectariniidae), 145 soarten
- Boppefamylje: Passeroidea, sawat 28 famyljes, dêrûnder:
- Famylje: moskfûgels (Passeridae), 43 soarten
- Famylje: weverfûgels (Ploceidae), 117 soarten
- Famylje: prachtfinken (Estrildidae), 141 soarten
- Famylje: graupipers (Prunellidae), 13 soarten
- Famylje: wipsturt- en piperfûgels (Motacillidae), 69 soarten
- Famylje: finkfûgels (Fringillidae), 230 soarten
- Famylje: snie- en iisfinken (Calcariidae), 6 soarten
- Famylje: goarsfûgels (Emberizidae), 44 soarten
- Famylje: Amerikaanske goarzen (Passerellidae), `138 soarten
- Famylje: troepialen (Icteridae), 109 soarten
- Famylje: Amerikaanske sjongers (Parulidae), 119 soarten
- Famylje: kardinaalfûgels (Cardinalidae), 53 soarten
- Klade (of Ûnderskift): Acanthisitti (Nijseelântomkes)