Wurgerfûgels
De wurgerfûgels of wurgers (wittenskiplike namme: Laniidae) binne in famylje fan sjongfûgels yn de boppefamylje fan de Corvoidea. De wurgers binne dus besibbe oan de kriefûgels en de gielegouwen.
Wurgerfûgels | ||
Toarnekster (Lanius excubitor) | ||
Taksonomy | ||
klasse: | fûgels (Aves) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
ûnderskift | sjongfûgels (Passeri) | |
boppefamylje | Corvoidea | |
famylje: | wurgerfûgels (Laniidae) | |
Linnaeus, 1758 | ||
Foarkommen
bewurkje seksjeDe wurgerfûgels binne lytse deirôffûgels mei sterke poaten, in grutte kop en in krêftige, skerpe heaksnaffel. Dermei kinne se fûgeltsjes, mûzen, amfibyen en grutte ynsekten beetkrije. Se binne meast griis, brûn, ierdkleurig mei swart of wyt. De measte wurgfûgels binne 17-25 cm grut, de lytste is de dwerchwurger (sawat 15 cm), de grutste de eksterwurger (sa wat 40 cm, de sturt derby), beide út Afrika. Hoewol ‘t se ‘sjongfûgels’ binne, is harren sang beheind. Inkelde soarten sa as de toarnekster kinne it ropen fan lytse sjongfûgeltjes neidwaan, en se sadwaande as proai lokje.
Fersprieding
bewurkje seksjeDe wurgerfûgels komme yn grutte dielen fan de wrâld foar, allinnich net yn Súd-Amearika, Austraalje en de poalstreken. Yn Jeropa komme likernôch 6 of 7 soarten geregeld foar, yn Nederlân en Fryslân is allienich de skatekster noch as briedfûgel oanwêzich; de toarnekster en de readkopwurger binne as briedfugêl út Nederlân ferdwûn.
Famyljeopbou
bewurkje seksje- Famylje: wurgerfûgels (Laniidae)
- Skaai: Corvinella, 1 soarte:
- gielsnaffelwurger (Corvinella corvina)
- Skaai: Urolestes, 1 soarte:
- eksterwurger (Urolestes melanoleucus)
- Skaai: Eurocephalus, 2 soarten:
- Noardlike wytkrúnwurger (Eurocephalus ruppelli)
- Súdlike wytkrúnwurger (Eurocephalus anguitimens)
- Skaai: Lanius, 29 soarten:
- tigerwurger (Lanius tigrinus)
- miombowurger (Lanius souzae)
- buffelkopwurger (Lanius bucephalus)
- brune skatekster (Lanius cristatus)
- skatekster (Lanius collurio)
- isabelwurger (Lanius isabellinus)
- Turkestaanske wurger (Lanius phoenicuroides)
- Yndosineeske wurger (Lanius collurioides)
- dwerchwurger (Lanius gubernator)
- brúnrêchwurger (Lanius vittatus)
- langsturtwurger (Lanius schach)
- Tibetaanske wurger (Lanius tephronotus)
- Filipynske wurger (Lanius validirostris)
- Mackinnonwurger (Lanius mackinnoni)
- lytse wurger (Lanius minor)
- Amerikaanske wurger (Lanius ludovicianus)
- Noardlike toarnekster (Lanius borealis)
- toarnekster (Lanius excubitor)
- Ibearyske toarnekster (Lanius meridionalis)
- Sineeske toarnekster (Lanius sphenocercus)
- griisrêchwurger (Lanius excubitoroides)
- Swahiliwurger (Lanius cabanisi)
- Taitawurger (Lanius dorsalis)
- Somalyske wurger (Lanius somalicus)
- Noardlike fiskaalwurger (Lanius humeralis)
- Súdlike fiskaalwurger (Lanius collaris)
- Sao-Tomeewurger (Lanius newtoni)
- readkopwurger (Lanius senator)
- maskerwurger (Lanius nubicus)
- Skaai: Corvinella, 1 soarte: