Nije fûgels
De nije fûgels (Latynske namme: Neoaves) foarmje in boppeskift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes) en de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae). Ta dit boppeskift hearre alle libbene soarten fûgels, útsein de âldkakigen (Palaeognathae, de tinamû's en rinfûgels) en de goes- en hineftigen (Galloanserae). De nije fûgels foarmje sadwaande in ûnbidich grutte groep dy't útinoar rint fan 'e ûlen oant de pinguins en fan 'e flamingo's oant de sjongfûgels. It grutste skift fan dizze groep is dat fan 'e moskeftigen (Passeriformes), dêr't 60% fan alle libbene fûgelsoarten ta heart. Dêrmei is dat skift mear as twa kear sa grut as it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en likernôch fiif kear sa ferskaat as dat fan 'e flearmûzen (Chiroptera), de beide grutste sûchdiereskiften.
Nije fûgels | ||
In protter (Sturnus vulgaris) | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
ûnderklasse: | moderne fûgels (Neornithes) | |
tuskenklasse: | nijkakigen (Neognathae) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
Sibley, Ahlquist & Monroe, 1988 | ||
Boppeskiftopbou
bewurkje seksje
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References op dizze side. |