Rinfûgels

(Trochferwiisd fan Rinfûgel)

De rinfûgels (Latynske namme: Ratitae) foarmje in ynformele groep binnen de klasse fan 'e fûgels (Aves) en de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes) en de tuskenklasse fan 'e âldkakigen (Palaeognathae).

Rinfûgels
In nandoe (Rhea americana).
In nandoe (Rhea americana).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: âldkakigen (Palaeognathae)
ynformeel: rinfûgels (Ratitae)

Dizze beneaming is in sammelterm foar in stikmannich skiften fan flechtleaze fûgels, dy't nau besibbe binne oan 'e wol deeglik fleanende tinamû-eftigen (Tinamiformes). Dêrby giet it om 'e kasuariseftigen (Casuariiformes), de kiwy-eftigen (Apterygiformes), de nandoe-eftigen (Rheiformes), de strúsfûgeleftigen (Struthioniformes) en de útstoarne moä-eftigen (Dinornithiformes) en oaljefantsfûgeleftigen (Aepyornithiformes). Foarhinne waarden al dizze skiften wol ûnderbrocht by de Struthioniformes, mar dy yndieling is efterhelle.

Ta de rinfûgels hearre de grutste en swierste noch libbene fûgelsoarten, lykas de strúsfûgel út Afrika, de emoe út Austraalje en de beide soarten nandoes út Súd-Amearika. Grutter noch wiene de moä's út Nij-Seelân en de oaljefantsfûgels fan Madagaskar.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.