Oaljefantsfûgels
De oaljefantsfûgels (Latynske namme: Aepyornithidae) hearre ta de klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e âldkakigen (Palaeognathae) en de rangleaze groepen fan 'e echte âldkakigen (Notopalaeognathae) en de nije rinfûgels (Novaeratitae). Hja foarmen de iennichste famylje fan it skift fan 'e oaljefantsfûgeleftigen (Aepyornithiformes). Oaljefantsûgels wiene ûnbidich grutte flechtleaze rinfûgels, dy't foarhinne lânseigen wiene op it grutte eilân Madagaskar, dat foar de Eastafrikaanske kust yn 'e Yndyske Oseaan leit. Hja stoaren wierskynlik yn 'e rin fan 'e santjinde of de achttjinde iuw út.
Oaljefantsfûgels | ||
It skelet en aai fan in Aepyornis maximus. | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
ûnderklasse: | moderne fûgels (Neornithes) | |
tuskenklasse: | âldkakigen (Palaeognathae) | |
sûnder rang: | echte âldkakigen (Notopalaeognathae) | |
sûnder rang: | nije rinfûgels (Novaeratitae) | |
skift: | oaljefantsfûgeleftigen (Aepyornithiformes) | |
famylje: | oaljefantsfûgels (Aepyornithidae) | |
Bonaparte, 1853 | ||
Taksonomy
bewurkje seksjeDe oaljefantsfûgels wiene it naust besibbe oan 'e folle lytsere kiwy-eftigen (Apterygiformes) fan Nij-Seelân, en net, sa't men fanwegen geografyske neite oannommen hawwe kinnen hie, oan 'e strúsfûgeleftigen (Struthioniformes) fan Afrika. Dit ferrassende feit suggerearret dat de rinfûgels har net al ûntjûn hawwe doe't der noch ien superkontinint (Gondwanalân) bestie (dat letter útinoar dreaun is sadat de hjoeddeiske wrâlddielen ûnstiene), mar dat se har oer de wrâld ferspraat hawwe moatte fia fleanende foarâlden, dy't neitiid los faninoar it fermogen om te fleanen ferlearen.
Oarsprong fan 'e namme
bewurkje seksjeDe namme 'oaljefantsfûgel' fynt syn oarsprong yn it ferslach dat de Fenesjaanske ûntdekkingsreizger Marco Polo yn 1298 skreau oer de rok, de reuseftige mytyske fûgel út it gebiet fan 'e Yndyske Oseaan. Hy murk dêrby op dat dizze earn-eftige fûgel klauwen hie dy't sa grut wiene dat er der wol in oaljefant mei gripe koe. Men fermoedet no dat de myten oer de rok fuortkommen binne út waarnimmings troch Arabyske seelju fan 'e grutte Madagaskarkroanearn (Stephanoaetus mahery), in subfossile soarte (útstoarn omtrint 1500) dy't besibbe wie oan 'e Afrikaanske kroanearn (Stephanoaetus coronatus).
Utstjerren
bewurkje seksjeDe oaljefantsfûgels fan Madagaskar stoaren rin fan 'e santjinde of de achttjinde iuw útstoaren. It eilân waard nei in lange perioade fan isolaasje tusken de trêde en de sechsde iuw kolonisearre troch de minske, frjemd genôch net fan it Afrikaanske fêstelân ôf, mar fanút de Eastyndyske Arsjipel, oare kant de Yndyske Oseaan. Neitiid kamen de oaljefantsfûgels yn grutte dielen fan Madagaskar wierskynlik binnen in pear iuwen al net mear foar troch oerbejaging en it stellen fan aaien troch de minske.
Lykwols makke Étienne de Flacourt, in Frânske gûverneur fan it eilân yn 1640-er en 1650-er jierren, yn syn geskriften melding fan in strúsfûgel-eftige fûgel dy't doedestiden noch altyd yn ôfhandige en net troch minsken bewenne kriten fan it eilân libbe. Men giet derfan út dat it hjirby gie om 'e lêste oerlibjende oaljefantsfûgels, en dat se yn dyselde snuorje oant mooglik santich jier letter útstoaren. De redens dêrfoar binne net bekend, mar saakkundigen fermoedzje dat minsklike aktiviteiten alteast yndirekt foar dat útstjerren ferantwurdlik wiene.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe grutste soarte oaljefantsfûgel wie Aepyornis maximus, mei in lingte fan mer as 3 m en in gewicht fan 350–500 kg. Dêrmei wie dat doedestiden de grutste libbene fûgel. Inkeld de folle eardere soarte Dromornis stirtoni, in fossyl út Austraalje, wie mooglik noch grutter. Ut opdolde bonken fan Aepyornis maximus binne folsleine skeletten gearstald. Ek binne der aaien fan dizze soarte fûn, dy't soms wol in omtrek fan mear as 1 m hawwe en in lingte fan 34 sm. Dat binne de grutste fûgelaaien dy't ea fûn binne, mei in gewicht fan sa'n 10 kg. De ynhâld fan sa'n aai is likernôch 160 kear grutter as dat fan in hinne-aai.
Famylje-opbou
bewurkje seksje
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.
|