Tinamû-eftigen
De tinamû-eftigen (wittenskiplike namme: Tinamiformes) foarmje in skift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e âldkakigen (Palaeognathae) en de rangleaze groep fan 'e echte âldkakigen (Notopalaeognathae). Dit út Súd-Amearika ôfkomstige skift omfiemet ien inkele famylje, dy fan 'e tinamûfûgels of tinamû's (Tinamidae), dy't opdield wurdt yn twa ûnderfamyljes, de echte tinamûfûgels (Tinaminae) en de notoerafûgels (Nothurinae). Yn totaal binne der 47 libbene soarten tinamû-eftigen, dy't allegear foarkomme yn Súd- en Midden-Amearika.
tinamû-eftigen | ||
In grutte tinamû (Tinamus major). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
ûnderklasse: | moderne fûgels (Neornithes) | |
tuskenklasse: | âldkakigen (Palaeognathae) | |
sûnder rang: | echte âldkakigen (Notopalaeognathae) | |
skift: | tinamû-eftigen (Tinamiformes) | |
Huxley, 1789 | ||
Untwikkeling en taksonomy
bewurkje seksjeDe tinamû-eftigen binne ien fan 'e âldste libbene groepen fûgels, dy't ûntstie yn 'e geologyske perioade fan it Mioseen, sa'n tsien miljoen jier lyn. De tinamû-eftigen binne nau besibbe oan nandoe-eftigen (Rheiformes), dy't ek út Súd-Amearika komme, oan 'e útstoarne moä-eftigen (Dinornithiformes) fan Nij-Seelân en oan 'e nije rinfûgels (Novaeratitae), in groep dy't noch trije oare fûgelskiften omfettet. Oars as al dizze oare groepen binne de tinamû's lykwols gjin flechtleaze fûgels. Foarhinne waarden de tinamû-eftigen beskôge as in sustertakson fan 'e rinfûgels, mar genetysk ûndersyk hat harren middenmank de rinfûgels pleatst, wat betsjut dat de ierste rinfûgels noch it fermogen om te fleanen hân hawwe moatte.
Hâlden en dragen
bewurkje seksjeHoewol't tinamû-eftigen wol deeglik fleane kinne, dogge se dat inkeld as it echt moat. It binne grûnbewenners, dy't har leaver ferskûlje of fuortdrave as der gefaar driget. Dizze fûgels binne oer it algemien skou, mar spylje dochs faak in grutte rol yn 'e mytology fan 'e ûnderskate lânseigen folken yn har ferspriedingsgebiet. Sân soarten binne klassifisearre as kwetsber en nochris sân oare soarten as bedrige. Nettsjinsteande it feit dat tinamû-eftigen maklik yn finzenskip holden wurde kinne, binne se nea domestisearre.
Skiftopbou
bewurkje seksje
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|