De trapfoarmigen (Latynske namme: Otidimorphae) foarmje in noch rangleaze taksonomyske groep fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae) en it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves). Ta dizze groep wurde 3 skiften fûgels rekkene, nammentlik de koekoekeftigen (Cuculiformes), de toerako-eftigen (Musophagiformes) en de trapeftigen (Otidiformes).

Trapfoarmigen
In roastbúkmalkoha (Phaenicophaeus curvirostris)
In roastbúkmalkoha (Phaenicophaeus curvirostris)
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
sûnder rang: trapfoarmigen (Otidimorphae)
Wagler, 1830

De nauwe ûnderlinge sibskip fan 'e trije trapfoarmige skiften waard pas yn 2014 identifisearre troch in genetyske analyze. Dêrtroch binne de trapeftigen no losmakke fan it skift fan 'e kraanfûgeleftigen (Gruiformes), dêr't se earder as in famylje by yndield wiene. De presize ûnderlinge relaasjes fan 'e trije skiften fan 'e trapfoarmigen binne noch net alhiel dúdlik. Hoewol't de trapeftigen besibbe binne oan 'e toerako-eftigen, hawwe oare genetyske ûndersiken útwiisd dat de koekoekeftigen nauwer besibbe binne oan 'e trapeftigen as oan 'e toerako-eftigen.

Boppeskiftopbou

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References op dizze side.