De Mokeftigen (Procellariiformes) binne in skift yn de klasse fan de fûgels (Aves).

Mokeftigen
Mallemok (Fulmarus glacialis)
Mallemok (Fulmarus glacialis)
Taksonomy
klasse: fûgels (Aves)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
rangleas: wetterfûgels (Aequornithes)
skift: mokeftigen (Procellariiformes)
Fürbringer, 1888

Mokeftigen binne echte seefûgels, dy't meastentiids op de iepen oseaan omswalkje; se komme eins allinich oan wâl om te brieden. Alle soarten hawwe noasters dy't útrinne yn de foarm fan buiskes. By guon soarten lizze dy oan wjersiden fan de snaffel, by oaren komme se byinoar ta ien buis boppe op de snaffel. Fierder hawwe mokeftigen meastentiids lange smelle wjukken. Harren poaten hawwe swimfluezen en de lytse eftertean is lyts of is hielendal net oanwêzich. De kleur fan de fearren is meast swart of griis.

De measte soarten fan de mokeftigen kinne net op lân rinne en in protte soarten komme ek allinich by nacht op harren eilannen om te brieden. De mokeftigen lizze mar ien aai en útsein de albatrossen meitsje hja gjin nêst mar brûke se in kûle yn de grûn.

Fierder is opfallend oan dizze fûgels dat sy yn harren mage in soarte fan oalje hawwe, dy't se brûke om harren jongen iten te jaan. Dizze floeistof spuie se ek wol út foar harren ferdigening, at se harren bedrige fiele.

Klassifikaasje

bewurkje seksje

Der binne 93 soarten yn 4 famyljes. De 'Súdlike' en 'Noardlike' seemokjes waarden fuorhinne as ien famylje sjoen. Oan 'e oare kant wurde de dûkermokfûgels tsjinwûrdich net mear as aparte famylje (Pelecanoididae) behandele, mar as skaai binnen de mokfûgels.