Mallemok
De Mallemok (Fulmarus glacialis) is in fûgelsoarte út it skaai fan de Mallemokken (Fulmarus) yn it skift fan de Mokeftigen (Procellariiformes). Yn it earste oankommen liket de fûgel op Miuwen (Lares), mar de Mallemok heart ta de famylje fan de Mokfûgels (Procellariidae), en beide famyljes hearre ta ferskillende skaaien. De soarte is griis en wyt mei in giele snaffel, de lingte is 43-52 sm en de spanwiidte 101-117. Fan de Mallemok bestiet sawol in donkere as in ljochte kleurfariaasje.
Namme
bewurkje seksjeDe Mallemok hjit yn it Frysk ek wol fan Mâlemok, Mok, Seemok, Stoarmmok of Unwaarsfûgel; yn it Noardfrysk: Malmuk, Deensk: Mallemuk, Nederdútsk: Ies-stormvagel, Dútsk: Eissturmvogel, Nederlânsk: Noordse stormvogel, Ingelsk: Northern Fulmar.
Briedseizoen
bewurkje seksjeMallemokken briede op kliffen; se lizze ien aai op de rûge stiennen of yn in hoaltsje fan plantaardich materiaal. Nesteljende fûgels en jongen kinne in akelich rûkende maachoalje oant twa meter fier spuitsje om sa ynkringers op ôfstân te hâlden. As fûgels it op harren fearren krije, wurde dy dêrtroch slim beskeadige, wat ta ferlies fan fleanfermogen en úteinlik de dea liede kin. Op dizze wize kin de Mallemok him effektyf tsjin rôvers lykas Jagers ferwarre.
Fiedsel
bewurkje seksjeBûten it briedseizoen binne it folslein oseaanfûgels, dy't har fiede mei fisk en fiskôffal. Resint ûndersyk om de Noardsee hat útwiisd dat mallemokken gefoelich binne foar plestik swalkôffal op see, dat him ophopet yn it spiisfertarringsysteem fan de fûgels. Yn de 20e iuw hat de soarte him wol útwreidzje kind troch de taname fan de kommersjele fiskerij en dêrby frijkommende beskikberheid fan fiskkôffal. Gefoelichheid for klimaatferoaring, in ôfname fan de fiskerij yn de Noardsee en in tanamme fan fersmoarging soene der ta liede kinne dat de soarte efterút giet.
Fleanen
bewurkje seksjeLykas oare Mokeftigen kin de Mallemok net sa goed rinne, mar it binne treflike fleanders, mei frij stive, rjochte wjukken, wat harren fan de Miuwen ûnderskiedt. Se hawwe in dikke bolle nekke en in relatyf koarte snaffel. De libbensferwachting is heech; it is net ûngewoan dat se fjirtich jier âld wurde.
De Mallemok kin it hiele jier troch oan de Fryske en Nederlânske Noardseekust sjoen wurde, mar foaral nei in perioade mei oanlannige, stoarmeftige wyn yn de hjerst, soms mei hûnderten, meastal in pear oant tsientallen. Hy kin mei de Sulverkob betize wurde; in Sulverkob hat lykwols swarte wjukpunten en in Mallemok net en fierders fleane de twa soarten hiel ferskillend.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppelings om utens
bewurkje seksje- SoortenBank.nl beskriuwing, ôfbylden en lûd
- Wikiwurdboek-side - Mallemok
-
Mallemok op it Noarske fûgeleilân Runde.
-
Fulmarus glacialis