Mokfûgels
De mokfûgels binne in grutte famylje fan seefûgels út it skift fan de mokeftigen of buissnaffeligen (Procellariiformes). It binne fûgels fan tige ferskillende grutte, fan de lytse dûkermokjes (Pelecanoides, sa’n 20 cm) oant de grutte reuzestoarmfûgels (Macronectes). De seemokjes hearre net ta dizze famylje, mar foarmje aparte famyljes (Oceanitidae, Hydrobatidae) yn itselde skift fan de mokeftigen.
Mokfûgels | ||
swartsnaffelmok (Puffinus puffinus) | ||
Taksonomy | ||
klasse: | fûgels (Aves) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
rangleas: | wetterfûgels (Aequornithes) | |
skift: | mokeftigen (Procellariiformes) | |
famylje: | mokfûgels (Procellariidae) | |
Leach, 1820 | ||
Famyljeopbou
bewurkje seksjeDe famylje fan de mokfûgels telt de foljende skaaien, mei inkelde soarten:
- Famylje: Procellariidae (mokfûgels)
- Skaai: Macronectes (reuzestoarmfûgels), 2 soarten:
- Súdlike reuzestoarmfûgel (Macronectes giganteus)
- Noardlike reuzestoarmfûgel (Macronectes halli)
- Skaai: Fulmarus mallemokken, 2 soarten:
- Skaai: Thalassoica antarctica, 1 soarte:
- Antarktyske stoarmfûgel (Thalassoica antarctica)
- Skaai: Daption, 1 soarte:
- Kaapske stoarmfûgel (Daption capense)
- Skaai: Pagodroma, 1 soarte:
- sniestoarmfûgel (Pagodroma nivea)
- Skaai: Halobaena, 1 soarte:
- blauwe stoarmfûgel (Halobaena caerulea)
- Skaai: Pachyptila, 6 soarten
- Skaai: Aphrodroma, 1 soarte:
- (Aphrodroma brevirostris)
- Skaai: Pterodroma (stoarmfûgels), 35 soarten, dêrûnder:
- langwjukstoarmfûgel (Pterodroma macroptera)
- wytbúkstoarmfûgel (Pterodroma incerta)
- Solanderstoarmfûgel (Pterodroma solandri)
- Murphystoarmfûgel (Pterodroma ultima)
- dûnsstoarmfûgel (Pterodroma mollis)
- Madeirastoarmfûgel (Pterodroma madeira)
- Kaapverdyske stoarmfûgel (Pterodroma feae)
- Desertasstoarmfûgel (Pterodroma deserta)
- Bermudastoarmfûgel (Pterodroma cahow)
- swartkapstoarmfûgel (Pterodroma hasitata)
- Kermadecstoarmfûgel (Pterodroma neglecta)
- Trindadestoarmfûgel (Pterodroma arminjoniana)
- reinstoarmfûgel (Pterodroma inexpectata)
- Boninstoarmfûgel (Pterodroma hypoleuca)
- wytwjukstoarmfûgel (Pterodroma leucoptera)
- Cookstoarmfûgel (Pterodroma cookii)
- Stejnegerstoarmfûgel (Pterodroma longirostris)
- Skaai: Pseudobulweria, 5 soarten, dêrûnder:
- Tahitistoarmfûgel (Pseudobulweria rostrata)
- Skaai: Procellaria, 5 soarten, dêrûnder:
- wytkinstoarmfûgel (Procellaria aequinoctialis)
- Skaai: Calonectris, 4 soarten:
- streke mok (Calonectris leucomelas)
- Mediterrane gielsnaffelmok (Calonectris diomedea)
- gielsnaffelmok (Calonectris borealis)
- Kaapverdyske gielsnaffelmok (Calonectris edwardsii)
- Skaai: Ardenna, 7 soarten:
- kylsturtmok (Ardenna pacifica)
- griisrêchmok (Ardenna bulleri)
- skiere mok (Ardenna grisea)
- tinsnaffelmok (Ardenna tenuirostris)
- Sileenske mok (Ardenna creatopus)
- bleekpoatmok (Ardenna carneipes)
- grutte mok (Ardenna gravis)
- Skaai: Puffinus, 21 soarten, dêrûnder:
- swartsnaffelmok (Puffinus puffinus)
- Middellânskeseemok (Puffinus yelkouan)
- feale mok (Puffinus mauretanicus)
- Arabyske mok (Puffinus persicus)
- Tropyske lytse mok mok (Puffinus bailloni)
- Makaronezyske lytse mok (Puffinus baroli)
- Kaapverdyske lytse mok (Puffinus boydi)
- Skaai: Pelecanoides (dûkermokken), 4 soarten
- Skaai: Bulweria, 2 soarten:
- Bulwerstoarmfûgel (Bulweria bulwerii)
- Jouaninstoarmfûgel (Bulweria fallax)
- Skaai: Macronectes (reuzestoarmfûgels), 2 soarten: