De lânfûgels (Latynske namme: Telluraves) foarmje in noch rangleaze taksonomyske groep fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae) en it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves). Ta dizze groep hearre 13 skiften fûgels, wêrûnder de rôffûgels (Accipitriformes), de falkeftigen (Falconiformes), de ûle-eftigen (Strigiformes), de spjochteftigen (Piciformes), de moskeftigen (Passeriformes) en de pappegaai-eftigen (Psittaciformes).

Lânfûgels
In readboarstke (Erithacus rubecula)
In readboarstke (Erithacus rubecula)
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
sûnder rang: lânfûgels (Telluraves)
Yuri et al., 2013

Underferdieling bewurkje seksje

De skiften dy't ta de lânfûgels hearre, binne fierder opdield yn twa legere rangleaze taksons, de bitterfûgels (Afroaves) en de súdfûgels (Australaves). It grutste skift fan dizze groep is dat fan 'e moskeftigen (Passeriformes), dêr't 60% fan alle libbene fûgelsoarten ta heart. Dêrmei is dat skift mear as twa kear sa grut as it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en likernôch fiif kear sa ferskaat as dat fan 'e flearmûzen (Chiroptera), de beide grutste sûchdiereskiften. As takson steane de lânfûgels op ien rang mei trije soartgelikense groepen binnen de nije fûgels, nammentlik de trapfoarmigen (Otidimorphae), de hegere fûgels (Metaves) en de wetterfûgels (Aequornithes).

Groepsopbou bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References op dizze side.