De falkeftigen (Falconiformes) foarmje in skift fan de fûgels dat bestiet út fleisiters. Foarhinne waard dit skift as ûnderdiel sjoen fan it skift fan 'e rôffûgels (Accipitriformes), mar genetysk ûndersyk hat koartby lykwols útwiisd dat dy kloft net ien taksonomyske groep foarmet, mar ynstee twa net nau besibbe groepen dy't in parallelle ûntwikkeling trochmakke hawwe. Sadwaande wurde de falkeftigen no as in selsstannich skift beskôge. It skift fan 'e falkeftigen bestiet út ien inkele famylje.

  • skift falkeftigen (Falconiformes)
Falkeftigen
Grutte brune falk (Falco berigora)
Grutte brune falk (Falco berigora)
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: fûgels (Aves)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
skift: falkeftigen (Falconiformes)
Sharpe, 1874