De dofoarmigen (Latynske namme: Columbimorphae) foarmje in noch rangleaze taksonomyske groep fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae), it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves) en de rangleaze groep fan 'e hegere fûgels (Metaves). Ta dizze groep hearre 3 skiften fûgels, nammentlik de do-eftigen (Columbiformes), de sânhineftigen (Pteroclidiformes) en de steltraleftigen (Mesitornithiformes).

Dofoarmigen
In wytbúksânhin (Pterocles alchata)
In wytbúksânhin (Pterocles alchata)
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
sûnder rang: hegere fûgels (Metaves)
sûnder rang: dofoarmigen (Columbimorphae)
Latham, 1790

Taksonomy bewurkje seksje

De nauwe ûnderlinge sibskip fan 'e trije dofoarmige skiften waard lang fermoede, mar pas yn 2014 identifisearre troch in genetyske analyze. De presize ûnderlinge relaasjes fan 'e trije skiften fan 'e dofoarmigen binne noch net alhiel dúdlik. Guon stúdzjes toane in (nauwere) relaasje as sustertaksons oan tusken de do-eftigen en de sânhineftigen (de tradisjonele sjenswize), wylst oare ûndersiken krekt hawwe wolle dat de sânhineftigen en de steltraleftigen nauwer mei-inoar (en minder nau mei de do-eftigen) besibbe binne.

Groepsopbou bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References op dizze side.