Graupipers
De graupipers binne in skaai (Prunella) en in famylje (Prunellidae) fan sjongfûgels yn it skift fan de moskeftigen (’Passeriformes). Se binne lytse, meast grize en brune fûgeltsjes fan 14-18 cm, dy ’t op de grûn of in leech strewel nei fiedsel sykje.
Graupipers | ||
![]() | ||
Alpengraupiper (Prunella collaris) | ||
Taksonomy | ||
klasse: | fûgels (Aves) | |
skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
ûnderskift: | sjongfûgels (Passeri) | |
boppefamylje: | (Passeroidea) | |
famylje: | graupipers (Prunellidae) | |
skaai: | graupipers (Prunella) | |
Richmond, 1908 (famylje), Vieillot, 1816 (skaai) |
De graupipers komme yn Jeropa (2 soarten) en Aazje (11 soarten) foar. De measte fan de soarten oars as de yn de lege lannen bekende graupiper libje yn it heechberchte.
Famylje- en skaaiopbouBewurkje
De famylje fan de graupipers hat mar ien skaai:
- Famylje: Prunellidae
- Skaai: Prunella, 13 soarten:
- Alpengraupiper (Prunella collaris)
- Altaigraupiper (Prunella himalayana)
- readboarstgraupiper (Prunella rubeculoides)
- streke graupiper (Prunella strophiata)
- berchgraupiper (Prunella montanella)
- brune graupiper (Prunella fulvescens)
- stiengraupiper (Prunella ocularis)
- Arabyske graupiper (Prunella fagani)
- swartkielgraupiper (Prunella atrogularis)
- Mongoalske graupiper (Prunella koslowi)
- graupiper (Prunella modularis)
- Japanske graupiper (Prunella rubida)
- brúnrêchgraupiper (Prunella immaculata)
- Skaai: Prunella, 13 soarten: