Graupiper
De graupiper is in sjongfûgel út it skaai (Prunella) en de famylje (Prunellidae) fan de graupipers.
Graupiper | ||
![]() | ||
graupiper (Prunella modularis) | ||
Taksonomy | ||
klasse: | fûgels (Aves) | |
skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
ûnderskift: | sjongfûgels (Passeri) | |
boppefamylje: | (Passeroidea) | |
famylje: | graupipers (Prunellidae) | |
skaai: | graupipers (Prunella) | |
soarte: | graupiper (Prunella modularis) | |
Linnaeus, 1758 |
Oare nammenBewurkje
Frysk: toarnkrûper, toarnmosk, toarnhipper, bastertnachtegaal; Noardfrysk: kurnfink; Nederlânsk: hegge(n)mus; Grinslânsk: graawpiper; Nedersaksysk: Hegemors; Nederdútsk: Heegenmüüsken; Eastfrysk (Nederdútsk): Heegbruuntje; Dútsk: Heckenbraunelle, Ingelsk: Dunnock.
Foarkommen en itenBewurkje
Grutte: 14-15 cm, sa wat lytser as in mosk, mei in tinne snaffel. Mantsjes en wyfkes sjen der itselde út. De kop is laaigriis, it liif is brún mei donkere streken. It roppen is in heech 'tsiet'. Simmers iten se rûpen, larven, spinnen e.d., winters foaral sieden.
FuortplantingBewurkje
De mantsjes likegoed as de wyfkes hawwe in territoarium dat oerlaapje kin. In wyfke kin mear as ien mantjse hawwe, en in matsje mear as en wyfke. Se bouwe harren nest leech boppe de grûn. It earste lechsel, gewoanlik yn april, is fanwegens de noch keale struken in maklike proai foar nestrôvers. It twade lechsel, yn juny-july, hat meastal mear sukses. It lechsel bestiet út 4-6 grienblauwe aaien, dy 't 13-14 dagen bebret wurde. De jongskes wurde noch 11-14 dagen troch de beide âlden fuore.
FerspriedingBewurkje
De graupiper komt hast yn hiel Jeropa foar. Yn Nederlând briede sa'n 200.000 pearen, mar yn it Noardeasten (Grinslân, Fryslân, Drinte) komt de graupiper stikken minder foar as fierders yn it lân.
TaksonomyBewurkje
De soarte graupiper bestiet yn acht ûndersoarten:
- Prunella modularis hebridium, W-Skotlân, Ierlân
- Prunella modularis occidentalis, E- en S-Skotlân, Ingelân, W-Frankryk
- Prunella modularis modularis, N- en M-Jeropa,
- Prunella modularis mabbotti, Ibearysk Skiereilân, S-Frankryk, Itaalje, Grikelân
- Prunella modularis meinertzhageni, Balkan
- Prunella modularis fuscata, Krim
- Prunella modularis euxina, W- en N-Turkije
- Prunella modularis obscura, E-Turkije, Kaukasus, N-Iran