Eastfrysk (Nederdútsk)

Eastfrysk of Eastfrysk Nederdútsk (ek: Eastfrysk Plat, Eastfrysk: Ōstfräisk of Ōstfräiske tóól[1]) wurdt sprutsen yn East-Fryslân en is in Friso-Saksyske dialekt. It hat yn 'e lette midsiuwen de oarspronklike Fryske taal fan East-Fryslân ferdreaun.

Taalgebiet

KlassifikaasjeBewurkje

 
Fersprieding fan 'e Friso-Saksyske dialekten.

It Eastfrysk Plat is ûnderdiel fan it Nederdútsk. Lykwols is de oarsprong fan de taal net it Aldnederdútsk, krekt as by de oare Nederdútske tongfallen (útsein it Grinslânsk) wol it gefal is. Yn de midsiuwen wie it Aldfrysk yn Grinslân en Eastfryslân de algemiene omgongstaal. Yn dy sin is it Eastfrysk, krekt as it eardere Eastnederdútsk, in saneamd „koloniaal dialekt“. It Grinslânsk en Eastfrysk Plat hienen yn de tiid fan it Middelnederdútsk ien mienskiplik skriuwdialekt.[2] It Eastfrysk Plat is ien fan de Friso-Saksyske dialekten.

Troch ferskillende histoaryske faktoaren hawwe it Nederlânsk en Frânsk fan ynfloed west op it Eastfrysk Plat. Sa binne der ferskillende wurden dy't fan Nederlânske of Frânske komôf binne.

Hoewol't men it Grinslânsk en Eastfrysk Plat as ien dialekt sjen kin, wurde de beide talen dochs oars skreaun. De ferskillende skriuwwizen binne ûnder ynfloed fan de standerttalen Nederlânsk en Dútsk ûntstien.

SkiednisBewurkje

De oarspronklike taal tusken Lauwers en Wezer wie it Aldfrysk. Sûnt de 15e iuw waard it Middelnederdútsk hieltyd belangriker yn Eastfryslân. Ubbo Emmius skriuwt oan 'e ein fan de 16e iuw oer it Aldfrysk as de taal fan Eastfryslân, mar liket dan al yn grutte dielen fan Eastfryslân ferdwûn.[3] Om 1600 binne grutte dielen fan Eastfryslân oergong op it Eastfrysk Plat, in eigen fariant fan it Nederdútsk. Der binne om 1600 hinne noch wat Fryske taaleinlantsjes yn Harlingerlân, Sealterlân, Lân Wûrsten en Wangereach.[4] Om 1700 hinne stjert de Fryske taal yn it Lân Wûrsten út, om 1800 yn it Harlingerlân en om 1950 hinne stjert ek it Wangereachsk út. It nije Middelnederdútsk waard stadich troch hieltyd gruttere dielen fan de befolking oernommen, mar de nije taal waard ek bot beynfloede troch it Frysk. Sels de dialektskieding fan it Iemsfrysk en Wezerfrysk, dy't der yn it Aldfrysk wie, is hjoed-de-dei ek yn it Eastfrysk Plat oanwêzich.

It Eastfrysk Plat hie net allinnich in sterk Frysk substraat, mar behold ek in protte âlde Middelnederdútske wurden dy't yn oare Nederdútske dialekten net bewarre waarden. It Middelnederdútsk dat nei Eastfryslân kaam is in westlike fariant fan it folle gruttere Nederdútske taalgebiet, dêrom binne der ek Westfaalske ynfloeden yn de taal oanwêzich.

Yn de Reformaasje waarden grutte dielen fan Eastfryslân evangelysk. Eastfryslân luts in protte religieuze flechtlingen út de Nederlannen oan en dêrmei begûn de ynfloed fan it Nederlânsk op it Eastfrysk Plat. Oan 'e 19e iuw ta bleau it Nederlânsk de tsjerketaal yn it súdwesten fan Eastfryslân. Dêrneist wie de ôfstân ta it Nederlânske taalgebiet fan belang foar de ûntwikkeling fan it Eastfrysk Plat, want de talen wienen konstant mei elkoar yn kontakt. Yn de Frânske tiid hearde Eastfryslân by it Keninkryk Hollân en it Eastfrysk Plat hat doe frijwat Frânske wurden út it Frânsk opnommen.

Tal sprekkersBewurkje

Troch hegere ynfloed fan it Heechdútsk nimt it tal sprekkers njonkelytsen ôf. Likernôch 50% fan de Eastfriezen kin Eastfrysk Plat ferstean en prate. Under de jeugd kin likernôch 20 persint Eastfrysk Plat prate, en 50 persint fan de jongerein kin it ferstean.[5]

Ferskillen mei it NederdútskBewurkje

Fonologyske ferskillenBewurkje

Yn alle Germaanske talen bestiet der in ferskil tusken koarte en lange fokalen. It Eastfrysk Plat hat kin sawol de koarte as ek de lange fokaal in taheaksel krije. Sa kin der oan in koarte fokaal in sjwa taheakke wurde, mar dat makket de koarte fokaal noch net lang. Lange fokalen kinne noch in stikje ferlinge wurde, dus noch langer as it lange fokaal al is. By ferlingde lange fokalen wurdt de lange fokaal noch in stik fierder útsprutsen. Sa wurdt der in ferskil makke tusken „lange fokalen“ en „ferlinge lange fokalen“. It ferskil yn útspraak hat ornaris ek in ferskil yn betsjutting fangefolgen.

Leksikale ferskillenBewurkje

It Eastfrysk Plat ferskilt in soad fan de oanbuorjende Nederdútske dialekten, útsein it Grinslânsk. Sa is der it bekende ferskil fan prōten ynstee fan snacken, tûn ynstee fan gaarn en mōj ynstee fan schön/scheun, ensafh.

Frysk Eastfrysk Grinslânsk Noardnederdútsk Nederlânsk Ingelsk Dútsk
har höör heur ehr haar her ihr
moai, kreas mōj mooi, schier scheun mooi beautiful, nice, fine schön
barren geböören gebeurn passeern gebeuren to happen geschehen
prate prōten proaten snakken praten to talk, to prate sich unterhalten
net näit nait nich niet not nicht
wie was was wer was was war

Grammatikale ferskillenBewurkje

Der binne ek grammatikaal frijwat ferskillen mei it Nederdútsk sa't dat yn Dútslân praat wurdt troch de oanbuorjende dialekten fan it Eastfrysk Plat. De grutste systematyske ferskillen mei it Nederdútsk binne:

HaadwurdenBewurkje

MeartalsfoarmingBewurkje

Yn it Eastfrysk Plat wurdt oan it haadwurd in -en taheakke om der in meartalsfoarm fan te meitsjen. Yn it Nederdútsk is dat meastal -et of -t, soms wurdt der yn it Nederdútsk gebrûk makke fan de Umlaut om it meartal oan te jaan. It wurd 'beam' hat yn it Eastfrysk Plat de meartalsfoarm bōmen en yn de measte Nederdútske dialekten is it Bööm.

NamfallenBewurkje

It Nederdútsk dat yn Dútslân praat wurdt hat foar it artikel de de manlike namfal den. It Eastfrysk Plat hat gjin namfallen.

FerlytsingBewurkje

Krekt as yn it Nederlânsk en Westlauwersk Frysk brûke ek de sprekkers Eastfrysk Plat gauris in ferlytsingswurd. De ferlytsingssuffiksen binne -je, -tje en -ke. Bgl. fautjes = fuotsjes, kluntje = sûkerklontsje, lüüntje = sweltsje (Passer domesticus), tüütje = hintsje. Yn it Grinslanner Plat hawwe se deselde wurden: voutjes (vout), klontje (klont). luntje (lunt). tuutje (tuut).

FoarnamwurdenBewurkje

Persoanlike foarnamwurdenBewurkje

By de persoanlike foarnamwurden wurdt höör (har) brûkt ynstee fan it Nederdútsk eer en hum (him) foar it Nederdútske eem brûkt.

Freegjende foarnamwurdenBewurkje

By de persoanlike foarnamwurden wurdt wel (wa) ynstee fan it Nederdútsk wokeen en (hoe) ynstee fan it Nederdútsk woneem brûkt.

TiidwurdenBewurkje

Yn it Eastfrysk Plat wurdt oan it haadwurd in -ent taheakke om der in meartalsfoarm fan te meitsjen. Yn it Nederdútsk is dat meastal -t. Eastfrysk Plat: Wī kōment, Nederdútsk: wi kamt.

List mei Fryske substraatwurdenBewurkje

It Frysk tusken Lauwers en Wezer hat allinnich yn it Sealterlân oerlibje kind. Dochs binne der yn it Eastfrysk ek frijwat oarspronklik Fryske wurden bewarre bleaun. Yn de list hjirûnder wurde Eastfryske wurden ferlike mei Fryske wurden dy't op skrift oerlevere binne út it Harlingerlân, Lân Wûrsten en it eilân Wangereach[6] :

Eastfryk Dútsk Frysk (Harlingerlân) Frysk (Wangereach) Frysk (Lân Wûrsten) Aldfrysk
bâb Väterchen babbe bab
bâu Viehbremse bawen
bäep Großmutter
öj Mutterschaf ai
Eide Egge eyde/ihde eide
flöystern umziehen flóster
fôn fohn faun fámne
grīnen schmerzen gryhnen grín grinda
graum Fischeingeweide graum
heller Außendeichsland
hemmel sauber
hemmel Reinigung
hemmelig reinlich
hemmeln reinigen
hemschen reinigen
hoek Mantel hokka
hüüdel Kloß hühdels
jier Jauche jere
koeb Möwe kâb
käil geronnene Milch kehl kêl kerl
klâmp Steg klampe klamp
krueb Mauerassel
lājen blitzen
lâjd Biltz layde leith / leid
lēp Kiebitz leep
lîw Austernfischer lîv
lauğ Dorf lauch lōch / lōch
mäem Mutter mem mäm
prâl Hoden pralling
kwinken / kwinkōgen zwinkern quink quinka
rêw Gerät rêv
rîf Harke Hrīve
sğuenk Schenkel skunk / skunka
sğūrsğot Libelle schûrschot
berselm Vorderkante des Wandbettes beddeselma
smäint kleine Ente
stōm Dampf
sūpen Buttermilch suhpe
tōm Nachkommenschaft tâm
tûn Garten thuen tûnn tūn
tusk Zahn tusck tusk tusk
wâğ Wand waage wôch wâg / wâch
wâl Striemen
wāj Molke wôi hwajja / hwajjô
wîk Kanal
wiers Reihe gemähtes Gras wirsene
hēf die See hef
ieng Wiese
jüdder / jadder / jidder Euter jader
gunder Ganter / Gänserich gôner gunder / gonder
tuelğ / täelğ Ast / Zweig tulg
wīf Weib wuff wīf
móót Scheibe Fleisch māte
gâsp Schnalle
gâst Geest gâst
mând Gemeinschaft manda
óóek zusätzliches Stück Land âka
mār Grenzgraben mâr
äis Aas / Köder ês
äit Speise ēt
mäied Wiese mēde
täik Treibsel / Angespültes
wäil Kolk / Brake
gräied Grünland grēd
tæmen Heu in Haufen schieben
nītel stößig nîtel
kīwer lebhaft quîver
kwivern gedeihen
rim Einfassung rima
stīkel steil
stīkel Stachel stîkel
tîk Käfer
trîm Leitersprosse
în Granne
hîl Ferse hiell hîl heila
d'mäied ein Flächenmaß deimēth / dîmēth
lôn Gasse lone
rôp Seil raap râp
rōf ein Garnmaß
haide Haut heude haid hēd / heid / heide
stierts erstkalbende Kuh stirtze / sterkiō
bitse Xanthippe bitze
blets Dreck bletz blets bletza
til Brücke till thille
dīlen Dielenlage
tjoó Wasserzug tiā
jäipkes Mehlbeeren
tjüch (in Flurnamen) tioche / tioche
tjukken stoßen
tjukseln schlagen / stolpern
tüddern anpflokken

Keppeling om utensBewurkje

Wiky-projekten yn it EastfryskBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Holger Weigelt: Ōstfräisk Plat - Düütsk, 2009
  2. Robert Peters: Überlegungen zu einer Karte des mittelniederdeutschen Sprachraums. In: Niederdeutsches Wort. 24, 1984, siden 51–59.
  3. Marron Fort. 2015. Saterfriesisches Wörterbuch. Yn it foarwurd.
  4. Der Niedergang des friesischen zwischen Lauwers und Weser. Yn: Handbuch des Friesischen / Handbook of Frisian Studies. Side 432. 2001
  5. Deutsche Welle: Dat Platt soll bleiben
  6. Haider, Horst / Århammer, Nils / Faltings, Volker / Hoekstra, Jarich / Vries, Oebele / Walker, Alastair / Wilts, Ommo : Handbuch des Friesisch - Handbook of Frisian Studies; Niemeyer Verlag 2001