Wangereach
Wangereach (Dútsk: Wangerooge) is in Eastfrysk waadeilân. Fan de Eastfryske eilannen is it it eastlikste dat bewenne wurdt. Nei it westen wurdt it skieden fan it buoreilân Spikereach troch it seegat de Harle. Nei it easten wurdt it skieden fan it ûnbewenne Minsereach troch de Blauwe Balch. It eilân is om-ende-by 8,5 kilometer lang en mar ien kilometer breed. Der wenje mear as tûzen minsken. Wangereach heart ta de Dútske dielsteat Nedersaksen.
Dune-eilân
bewurkje seksjeWangereach is in dune-eilân dat it foaral hawwe moat fan it toerisme. Der komme jiers mear as 80.000 toeristen nei it eilân. It is te berikken mei de fearboat fan Harlesyl út en der wurdt ek op flein. Lykas op it Nederlânske waadeilân Skiermûntseach en de oare Eastfryske eilannen meie der op Wangereach gjin auto's ride. Tusken de haven en it dorp Wangereach leit in spoarlyntsje. Op Wangereach is it besikerssintrum "Rosenhaus" fan it Nasjonaal Park Waadsee te finen, dêr't jiers likernôch 40.000 besikers komme.
Taal
bewurkje seksjeOant sirka 1930 waard der op Wangereach in Frysk dialekt sprutsen, it Wangereagersk. Sûnt dat dialekt útstoarn is, libbet it Eastfrysk allinnich noch troch yn it Sealterfrysk op de fêstewâl. Tsjintwurdich wurdt der op Wangereach Dútsk en Plat praat.
-
Wangereach
-
Haven
-
Ald fjoertoer
-
Nije fjoertoer
-
Strân en dyk
-
Kafee Pudding
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Lûdfoarbyld fan it Wangereachsk, mei transkripsje, neisprutsen opname en oersetting
- Jiskepûster yn it Wangereachsk
Fryske eilannen |
---|
Westfryske eilannen: |
· · |