Uthörn is in lyts ûnbewenne Noardfrysk eilân. It eilân leit tichteby Sylt en is it twadde meast noardlike eilân fan Dútslân. Uthörn heart ta de Sylter gemeente List.

Uthörn, besjoen fan de súdkust fan Königshafen ôf

It eilân leit yn de Königshafen, in baai oan de eastkant fan it eilân Sylt. It leit yn it noarden fan gemeente List en in kilometer besuden it skiereilân Ellebogen, it noardlikste puntsje fan Dútslân.

Uthörn is 780 meter lang, oant 240 meter breed en hat in oerflak fan goed 13 hektare. It eilân is relatyf jong; it is ûntstien út in sânplaat. Troch sânferstowings fan de Sylter kustdunen ôf is Uthörn útgroeid ta in hichte fan 4,10 meter boppe de seespegel en wurdt by floed net oerstreamd. Der wurdt ferwachte dat it eilân yn ‘e takomst fierder groeie sil. Earder waard Uthörn allinne mar bedutsen mei pioniersplanten dy’t typysk binne foar de Noardseekust, lykas it plomreid.

Natuerbeskerming

bewurkje seksje

Uthörn leit mar in pear meter fan it eilân Sylt ôf, troch de ûndjippe Waadsee kin rinnend it eilân berikt wurde. It eilân is in bried- en rêstplak foar seefûgels, it is oantsjutten as in fûgelreservaat en mei dêrmei ek net samar betrêde wurde. Boppedat leit it yn it Nasjonaal park Sleeswyk-Holstein.

Fryske eilannen
 
 

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise

  ·   ·