Buise wie in Dútsk Waadeilân dat lykas Bosk foar it grutste part fuortspield is. It oerbleaune part fan it eilân is it Norderney fan no. Buise waard mooglik by de stoarmfloed fan 1219 út in grutter eilân foarme, in eilân dat om it jier 50 hinne troch Plinius de Alde Burgana neamd waard. Oare boarne sizze lykwols dat Buise om 1170 hinne út it eilân Bant ûntstie, krekt sa as Júst, Borkum en Memmert.

Yn 1362 briek Buise yn twaen. It eastlike part waard yn it earstoan "Osterende" neamd, en letter "Norder neye Oog" ('Norden syn nije eilân'), en foarmet no Norderney. It westlik diel ferdwûn stadichoan yn see yn de twadde helte fan de 17e iuw, al binne der ferskillen tusken de boarnen oer it krekte jiertal fan de ferdwining fan Buise (1651 of 1690).

Keppelings om utens

bewurkje seksje
Fryske eilannen
 
 

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise

  ·   ·