Waadeilannen

(Trochferwiisd fan Fryske eilannen)

De Waadeilannen lizze benoarden it fêstelân fan Nederlân en Dútslân en bewesten it fêstelân fan Dútslân en Denemark. Foar it meastepart lizze hja op de râne fan it Waad, en foarmje de grins fan de Noardsee mei de Waadsee. Yn it bûtenlân wurde se ornaris as Fryske eilannen oantsjut.

De Waadeilannen.

Untsteansskiednis

bewurkje seksje

Stiging fan de seespegel

bewurkje seksje

Yn de lêste Iistiid, dy’t sawat 10.000 jier foar Kristus einige, lei de seespegel ûngefear 60 meter ûnder it hjoeddeiske nivo. Troch it ranen fan de iiskapen riisde de seespegel en oerspielde it wetter de foar it grutste part drûchfallen Noardsee. De hjoeddeiske kustline waard ûngefear 5.000 jier foar Kristus berikt. Troch eb- en floedwurking en oanfier fan rivieren waard in protte sân nei de kust transportearre. Wetter en wyn heappe it sân op by stiennen en efter begroeiing.

Der ûntstie in grutte en oanslutende rige dunen dy’t him útstrekte fan it tsjintwurdige Belgje oant de mûning fan de Elbe, tichtby wêr’t no Hamburch leit, mei allinnich iepenings foar de rivieren. Fan dêr moat in twadde dunerige nei it noarden rûn wêze.

Om it begjin fan de jiertelling hinne fermindere de stiging fan de seespegel. De see hie lykwols al bressen slein yn de dunerige en it dêrefter lizzende legere lân omfoarme ta de waadflakte, al hie dy oan de fêstewâl noch net de hjoeddeiske foarm. De hieltyd mar hinne-ende-wer geande tijstreamen slieten hjir slinken yn út en sa ûntstienen de Waadeilannen.

Behâld fan de kust

bewurkje seksje

De dunerige besuden de Waadsee wie ek bleatsteld oan de wurking fan it tij, mar de oare omstannichheden en it yngripen fan de minske kamen foar dat de protte stoarmfloeden de kust fan Hollân definityf feroaren yn losse eilannen mei in waadflakte dêrefter. In soad stoarmfloeden om 1200 hinne hiene wol ta gefolgen dat de noardlike kust fan West-Fryslân útinoar bruts yn fiif eilannen. Om 1600 hinne wienen de fjouwer oan de westkust al wer weromwûn, mar Wieringen, súdeastlik fan Tessel, bleau oant yn de 20e iuw in eilân. Troch sommigen wurdt Wieringen dêrom by de Waadeilannen rekkene, al hat it eins in oare ûntsteansskiednis: it is in triuwwâl út de Riss-iistiid.

Benoarden de waadeilannen, yn Jutlân, hat de kustline him al in pear kear iepene en sletten, mar it is nea ta mear eilannen kaam.

Yn Nederlân is der fan ien eilân in daam oanlein: de Amelânske Daam, yn 1872 op it doedestiidske wantij. De daam rûn al gau nei de oanlis safolle skea op dat al yn 1882 besletten waard om de daam op te jaan. De daam is sûnt dy tiid hast hielendal fuortslein, al binne der, ûnder oaren oan beide úteinen, noch restanten te finen.

Yn de noardlike Waadsee blykt it bouwen fan damen in stik ienfâldiger. Noardstrân is no sasear mei diken oan de wâl ferbûn dat der eins gjin sprake mear is fan in eilân, en ek Nees, Olân, Nordstrandischmoor, Hamburger Hallig, Sylt en Romeach binne allegear oer in daam te berikken. Mandeach is sels sûnder dam berikber, oer in tijdyk.

Untwikkeling

bewurkje seksje

De gemiddelde weachhichte by Rottum is sawat 1 meter wylst it gemiddelde tijferskil mear as 2 meter is. Dat makket Nederlânsk/Dútske waadkust it middeltype waadkust, mei lykwicht tussen tij en weagen, karakterisearre troch in soad (koarte) eilannen en in soad seegatten.

De Waadeilannen binne hieltiten yn beweging. De belangrykste beweging is it ‘kuierjen’: de west-east eilannen ferpleatse harren stadich mar seker fan west nei east. Oan de westkant ferdwine de measte eilannen stadichoan yn see en oan de eastkant ûntsteane der hieltyd gruttere sânbanken. It kuierjen is ek de oarsaak dat de measte doarpen oan de westkant fan harren eilân lizze. Doe’t se stifte waarden leinen se meastal middenop. Yn de rin fan de lêste iuwen binne al in soad huzen en sels folsleine doarpen yn see ferdwûn.

Heakfoarming

bewurkje seksje

De twadde beweging is de heakfoarming: by de seegatten lâns ûntsteane heakfoarmige sânrichels, dy’t fan foarm feroarje mei it ferskowen fan de see-earm. Troch it oanwaaksen fan de heakken ûntsteane nije platen lykas de Noarder- en Suderheaks. Somtiden groeit sa’n plaat, ûntstean dêr’t in eilân weikuiere is, wer fêst oan it eilân, wêrtroch it ferlerne gebiet weromwûn wurdt.

Waadeilannen en platen

bewurkje seksje

Njonken de eilannen lizze yn it waadgebiet sânplaten. It ûnderskie rint net lykop mei de bewenning; gûon ûnbewenne gebieten wurde al as eilannen beskôge, almeast op skiedkundige grûn. Fierders wurde eilannen achte drûch te bliuwe dêr't platen no en dan ûnder de weagen ferdwinen. Yn 2003 waard de Kachelotplaat ta eilân ferklaat om't it foldie oan de eask dat minimaal 160 hektare by trochsneed heechwetter net mear troch de see oerspield waard.

  De Wikipedy hat ek in side Nederlânske waadeilannen.

 

  1. Noarderheaks
  2. De Richel
  3. It Gryn
  4. Rif
  5. De Kalkman
  6. Simenssân
  7. Rottumerplaat
  8. Rottumereach

(hielyd fan west nei east)

It eardere eilân Wieringen leit yn de kop fan Noard-Hollan, tsjin de Ofslútdyk oan.

(Safolle mooglik fan west nei east en fan súd nei noard:)

Fan ferskate waadeilannen yn Dútslân ôf, kinne boattochten makke wurde nei it rotseilantsje Helgolân dat 70 kilometer út de kust leit yn de Dútske Bocht. Dat is gjin waadeilan, mar der binne sterke kulturele bannen mei it waadgebiet. Sa prate se dêr in dialekt fan it Noardfrysk.

(Fan súd nei noard:)

Besuden Romeach lei yn de 20e iuw noch de iennige Deenske hallich, Jordsân, mar yn 1999 blykten de lêste resten dêrfan ferdwûn, en sûnt is der allinnich in plaat oer.

Yn Fryslân wurdt it begryp Waadeilân faak brûkt foar de waadeilannen fan Nederlân. De eilannen wurdt faak sein foar allinnich de (bewenne) eilannen dy't ta de provinsje Fryslân hearre. Foar persizer ûnderskie kin fansels sprutsen wurde fan Fryske, East-Fryske, Noard-Fryske, Nederlânske, Dútske en/of Deenske Waadeilannen.

Yn it útlân wurdt ornaris sprutsen fan Fryske Eilannen.