Olân
Olân (Dútsk: Oland; Deensk: Øland; Noardfrysk: Ualöön) is ien fan de Halligen yn Dútslân. It eilân makket ûnderdiel út fan de gemeente Nees. Olân leit tusken Nees en it fêste lân fan Dútslân yn. Op it Hallig steane 17 huzen, der wenje likernôch 30 minsken op it eilân. It hat in lingte fan likernôch 2 kilometer en in breedte fan likernôch 500 meter.
Op Olân stiet mar ien terp, de Olânterp. Hjirop is in hiel doarp boud. It nimt hjirmei in bysûndere posysje yn, omdat op de oare Halligen foar bygelyks de tsjerke in eigen terp boud is. Op de ienichste terp fan it eilân steane in skoalle, in tsjerke, in kafee, it gemeentehûs mei bibleteek en in winkel. Yn de midden fan de terp leit in fiefer, in saneamde fehting, mei swiet wetter, dizze docht tsjinst as drinkplak foar de bisten. De fjoertoer fan Olân, dy't ek op de terp stiet, is de ienichste op de wrâld mei in dak fan reid.
Yn de simmer wurdt der fan Schlüttsiel út in feartsjinst ûnderhâlden nei Olân. Ek is it eilân mei it waadrinnen te berikken.
Olân hat ek in lytse haven. It haventsje leit súdlik fan de terp en is foar skippen mei in ûndjippe boaiem tusken trije oeren foar heech wetter en trije oeren nei heech wetter te berikken. Yn de tiid hjirfoar en dernei leit der hast gjin wetter yn de haven.
Skiednis
bewurkje seksjeIt Hallig wie al foar de Marsellusfloed fan 1362 in eilân, it wie yn die tiid ien eilân mei Nees. Mei in smelle stream wie it fan de fêste wâl skieden. Nei de tige ferskuorrende Buchardyfloed fan 1634 rekke it eilân los fan Nees. Hjirnei hawwe benammen de stoarmfloeden fan 1717 en 1825 in protte skea oanrjochte op it eilân. Benammen yn 1717 gie it mâl. It wetter kaam goed in heale meter heger as by de stoarmfloed fan 1634. Alle gebouwen waarden skansearre, wêrûnder ek de mûne. Yn 1825 waarden 33 fan de 36 wennings fernield troch de stoarmfloed.
Yn 1850 wienen der noch twa terpen op Olân: Warft en Pipe. Pipe is as lange tiid net mear bewenne, wêrtroch der tsjintwurdich noch mar ien terp oer is.
Al rûn 1860 waard Olân mei in daam mei it fêste lân ferbûn, mar dizze daam waard troch stoarmfloeden meardere kearen fuort slein. Tusken 1925 en 1927 waard in daam boud dy't no noch altyd bestiet. Op de daam is in smelspoarbaan boud dy't fan de fêste wâl oant en mei Nees rint. Yn it begjin waarden de karren op dizze spoarwei troch seilen foarút brocht, letter waard oerstapt op lytse moterkes.
Tsjerke
bewurkje seksjeDe tsjerke fan Olân, de Halligtsjerke, is in sealtsjerke fan 1824. De tsjerke hat ûnder oare de swiere stoarmfloeden fan 1825 en 1962 oerlibbe. De tsjerkeromte is tige lyts. De dowestien komt út de Romeinske tiid.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeFryske eilannen |
---|
Westfryske eilannen: |
· · |