Jordsân (Deensk: Jordsand) wie in lytse Deenske Hallig yn de Waadsee. It eilân lei súdlik fan it Waadeilân Rem en eastlik fan Söl. Jordsân moat ferbûn west hawwe mei it fêstelân en mei Söl, mar it krekte ûntstean fan it eilân is net fêstlein. Yn it Kening Waldemars Grûnboek fan 1231 wie it al opnaam as eilân.

Jordsân eastlik fan Söl

It eilân wie earder wol bekend ûnder de namme Hiortsân, dat fan it Skandinavyske hjort (hart) komt. De âlde namme ferwiist mooglik nei de oanwêzigens fan harten op it eilân.

Yn it Kening Waldemars Grûnboek stiet it eilân opnaam mei in mjitte fan 20 kante kilometer. Der wiene ferskate terpen op it eilân. De ûndergong fan Jordsân waard ynlet troch in rige stoarmfloeden. Yn 1807 moat it eilân noch 40,7 hektare grut west ha, yn 1873 wie dat noch mar 18,4 hektare. Yn 1895 waard ek de lêste terp troch in stoarm fernield en waard it eilân hielendal ferlitten, it waard in briedeilân foar fûgels. Tusken de Dútsk-Deenske Oarloch yn 1864 en it Referindum yn Sleeswyk fan 1920 makke Jordsân ûnderdiel út fan it Hartochdom Sleeswyk yn it Dútske Ryk. Yn de 20e iuw is besocht om Jordsân fan de ûndergang te rêden. Yn de jierren '70 waard probearre it eilân tsjin it wetter te beskermjen, mar dat is nea goed slagge omdat der gjin diken oanlein waarden. It eilân kromp fierder yn oant in grutte fan 2,3 hektare. Yn de winter fan 1998/1999 waard Jordsân troch heech wetter hielendal fuortslein. Jordsân makke ûnderdiel út fan de gemeente Hjerpstedt.

Tsjintwurdich is Jordsân in sânplaat dêr't fûgels en seehûnen op ferbliuwe.

De namme fan Jordsân komt noch werom yn ien fan Dútslânsk âldste miljeu organisaasjes, Verein Jordsand, stifte yn 1907.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
Fryske eilannen
 
 

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise

  ·   ·