Kachelotplate
Basis-ynformaasje
Namme Kachelotplaat
Lân Dútslân
Eilannegroep Waadeilannen
Lokaasje Noardsee
Ynwenners 0
Oerflak 2,3 km²

De Kachelotplaat (Dútsk: Kachelotplate) is in ûnbewenne waadeilân. It eilân beslacht in gebiet fan likernôch 260 hektare, it hat in lingte fan 2,5 kilometer en in breedte fan 1,3 kilometer. De Kachelotplaat leit sa’n 2,5 meter boppe de seespegel. It East-Fryske eilân leit yn tusken Boarkum, oarekant fan de Easteriems, en Júst, oarekant de Heaksgat. It leit inkele kilometers westlik fan Memmert, mei dêrtusken it Heaksgat-farwetter. De namme fan it eilân komt fan it Frânske wurd ‘cachelot’, dat potfisk betsjut.

Erkenning as eilân

bewurkje seksje

De Kachelotplate hat oant in pear jier werom in sânplaat west. Mar trochdat de dunen grutter en heger waarden en der gers begûn te groeien op it eastlike part fan it eilân foldie de sânplaat oan de easken dy’t oan in eilân steld binne. Bygelyks in oerflak fan mear as 160 hektare en dat it eilân by gemiddeld heech wetter net mear oerstreamt. Sadwaande makke de Niedersächsischer Landesbetrieb für Wasserwirtschaft und Küstenschuts (NLWKN) op 28 july 2003 bekend dat de Kachelotplaat sa grut wurden wie dat it offisjeel as eilân yn de boeken kaam. Hjirtroch is de Kachelotplaat it jongste waadeilân.

It eilân groeit hieltyd tichter nei it eilân Memmert ta. Allinnich in smelle slinke soarget der foar dat de beide eilannen noch net oan elkoar groeid binne. Yn de takomst soene de eilannen oan elkoar groeie kinne, mar dit kin noch wol tsientallen jierren duorje. Dat dit ek definityf bart is net wis, mooglik ferdwynt it eilân sels wer yn de see troch in grutte stoarm. Sa hawwe swiere stoarmen yn 2006 en 2007 it eilân wer wat lytser makke.

 
In satellytfoto fan de Kachelotplate. It eilân is it meast linkse (westlike) eilân op de foto. Fierder binne Júst, yn it noarden en Memmert dat súdlik fan Júst leit ek te sjen.

Lytse eilannen en sânplaten yn de Waadsee spylje in wichtige rol as nêstgebiet foar fûgels en rêstplak foar seehûnen. Dêrom is it eilân ta in Nasjonaal Park útroppen. Om it eilân mei net ûnnedich mei boaten fard wurde en ek fleantugen meie net al te leech oer fleane. Yn 2006 binne in tal Swarte seehûnen ûntdutsen op it eilân. Der wurdt oannaam dat der op it eastlike part fan it eilân in koloanje Swarte seehûnen fêstige is.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
Fryske eilannen
 
 

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise

  ·   ·